Nanne Hoekstra: À la campagne droech neat by oan Frysk taallânskip

july 24, 2022 08:49

Skôging

Op de lêste dei, ôfrûne snein, rêde ik it noch krekt op en besjoch de eksposysje À la campagne yn it Fries Museum.  Dy wie tige by tige. Sjoch bygelyks it artikel yn DE NIJE fan dizze maitiid of it besprek op It Nijs.

Op it oersjoch fan ympresjonistyske lânskipkes haw ik neat oan te merken, mar namste mear op it taallânskip yn ús museum. Hoewol’t ik der net folle wurden oan smoarch hoech te meitsjen, om’t it lân(skip) der noch krekt sa hinne lei as trije jier lyn: de ynformaasje oer de skilderijen yn it Nederlânsk en Ingelsk op de muorren en yn it Dútsk en Frysk yn aparte boekjes. Om’t mei in útlis yn it Frysk derby de skilderijen foar my noch moaier wurde, siet ik wer algeduerigen te puzeljen mei plattegrûnen en nûmerkes dy’t wol yn it boekje mar net op de muorren stiene, om tekst en skilderij byinoar te fandeljen. Hoefolle minsken binne sa gek? Ik joech it sels nei in skoftke ek mar oer. Want it foar my en de measte besikers like begryplike Nederlânsk en Ingelsk waarden dus folle brûkersfreonliker oanbean, daliks njonken de skilderijen.

Boudin, De baai by Benerville 1879 (Boarne: Museum Boymans Van Beuningen)

Ik snap it Fries Museum net. Der is plak genôch op de muorren foar fjouwer talen. Mar as dat om de iene of oare artistike (?) oerwaging mar twa talen wêze meie, kies dan, neist Nederlânsk, foar Frysk, om ûnderskied te meitsjen mei oare musea en by te dragen oan it Fryske taallânskip. En bied foar útlânske besikers Ingelsk en Dútsk oan yn in boekje. Want minsken dy’t soks nedich hawwe om de tekst te begripen, hawwe de ekstra muoite der wol foar oer.

As it Fries Museum soks sels net betinke kin, moatte subsydzjejouwers dy’t it Frysk ek wichtich fine, der mar mei teset. It museum wurdt ûnder oaren stipe troch de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de Gemeente Ljouwert, lês ik yn DE NIJE. Oerheden dus dy’t in taak hawwe op it mêd fan it Frysk. Dat der no krekt besunige wurde moat op finansjele stipe foar it Frysk is gjin probleem. Eins krekt oarsom. Dit kin moai daliks by de ûnderhannelingen meinommen wurde.  Subsydzjebetingsten foar organisaasjes lykas it Fries Museum dat it Frysk better foar it ljocht komme moat, kostje de oerheden sels ommers neat. Organisaasje dy’t it goed dogge mei de kommunikaasje yn it Frysk, soene wol justjes minder koarte wurde kinne en dyen dy’t dêr neat fan meitsje krekt wat mear. Mei minder oerheidsjild kin der sa just mear foar it Frysk berikt wurde.

De organisaasjes hoecht it likemin slompen jild te kostjen, lykas faak beard wurdt. Want bygelyks talen omwikselje kostet it Fries Museum ommers neat. En oare organisaasjes moatte ris ôfstappe fan it idee dat altyd alles mar oerset wurde moat fan Nederlânsk nei Frysk. In protte kin ek daliks yn it Frysk skreaun wurde, mei in gearfetting derby yn it Nederlânsk; dat kostet suver neat ekstra. Soks stimulearret Friezen om harren eigen taal mear te lêzen en dy sadwaande te behâlden en is dus tige effektyf. Dan moatte dy organisaasjes fansels wol minsken oannimme of ynhiere dy’t it Frysk skriuwen yn ‘e macht hawwe. Mar de fraach nei dy feardichheid is no krekt o sa wichtich foar it behâld fan ús taallânskip.

july 24, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.