Itnijs.frl is krekt in daalje

maaie 17, 2024 00:24

Foto Arjen Dijkstra

Ien fan de moaiste wurden yn it Frysk bûsboekje fyn ik ‘Swartehagekjeld’. Steefêst stiet it alle jierren wer op 11 maaie: “iishilligen o/m 14 maaie”. Om dy tiid geane by my de daaljes de grûn wer yn. Dat giet al hast fiifentweintich jier sa. Hoe dat sa? Myn sweager syn pake gie nei it âldereintehûs en se wiene oan mei de daaljes. Ierappelbakjes fol hie de man. De bern en bernsbern fûnen it eins wat te folle wurk: alles moat deryn om âlde maaie hinne en alles der wer út klauwe yn novimber. Want oars frieze se stikken. Pake wie grutsk op syn moaie reade boeredaaljes. Ik koe it net oer myn hert krije en haw se dus mar oernommen. Safolle wurk is it no ek wer net. En krigest der in soad moais foar werom. It moaiste fan alles: yntusken hat myn sweager in part fan de daaljes al werom yn ’e tún. Myn omkesizzer kriget ynkoarten ek in tún, dêr passe ek wol wat daaljes yn. Operaasje slagge: de daaljes fan pake binne rêden foar it neiteam!

Mei it Frysk is it eins krekt sa as mei daaljes. Men hat der wurk fan om de taal libben en geef te hâlden, mar men kriget der wat moais foar werom. De Fryske Beweging krewearret oanhâldend foar it Frysk. Somtiden wat mear, út en troch wat minder, mar altyd jaget er it fjurke wer oan. In moai foarbyld is itnijs.frl. Al omtrint fyftjin jier bringt dat wrâldnijs yn it Frysk. Ut en troch set de redaksje mei nijsberjochten de wrâld op stelten oer it Frysk. Okkerdeis jage itnijs.frl de diskusje oer it brûken fan it Frysk by ING noch oan. It sette Fryske jongerein oan ta aksje. En ING gie om!

Alles hat in ein. Itnijs.frl ek. Ynkoarten feroaret itnijs.frl fan namme en útstrieling. De redaksje hat jierrenlang in fjurke brânend holden. Wy hoopje mei in nije útstrieling it flamke troch te jaan oan de kommende generaasje. Krektlyk as pake syn daaljes. Hâld de kommende tiid dizze side yn ’e gaten!

Arjen J. Dijkstra

Dijkstra is ponghâlder fan de Ried fan de Fryske Beweging en lid fan de wurkgroep ‘Nije Beweging yn de Ried’.

 

maaie 17, 2024 00:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk maaie 24, 00:12

    Wat is daalje yn WATWURDIT

  2. Hank Artsneev maaie 24, 00:15

    Oops!
    Het woord daalje komt (nog) niet voor in Wat wurd it?…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.