Pier Bergsma: Longerje nei it ferline

april 25, 2024 08:40

De tentoanstelling yn it Frysk Museum oer de skilders Christoffel en Kate Bisschop is noch te sjen oant en mei 7 july. Op 18 april waard de 100.000ste besiker ferwolkomme. Heech tiid foar in stikje.

“Stoomtreinen giselje troch it lân, fotografen lizze de wrâld yn geweldige skerpte fêst en de stêden pûlje út fan ’e minsken, it ferkear en de moderne gebouwen. Yn de lette 19de iuw liket it libben hieltyd flugger te gean. Mar net as it oan it keunstnerspear Bisschop leit.

Christoffel Bisschol, dy’t oarspronklik fan Ljouwert kaam, wie doe ien fan de wichtichste Nederlânske skilders. Mei syn nostalgyske Hollânske en Hylper tafrielen rôp er lang ferfleine tiden yn it libben. Syn Ingelske frou Kate, sels ek skilder en samler, dielde syn leafde foar it ferline en wie boppedat in tûke netwurker. Tegearre makken se namme yn binnen- en bûtenlân, oant yn keninklike fermiddens ta.

Yn dizze tentoanstelling nimme Christoffel en Kate jin yn ’e tiid mei werom. Underweis ûntdekt men hoe’t harren langst nei eartiids harren wurk en libben beskate. En hoe’t alles úteinlik byinoar kaam yn in eigensinnich Frysk stedsje: Hylpen.”

Sa begjint it nijsgjirrige boekje mei de Frysktalige oersettingen fan de tentoanstellingsteksten, dat by de yngong meinommen/liend wurde kin. Der is ek in Dútsktalige útjefte, wylst de teksten by tentoanstelling sels yn it Nederlânsk en Ingelsk binne.

It is in prachtige tentoanstelling. It museum en Fryslân kinne der grutsk op wêze. Gean der dus hinne, as jo der noch net west hawwe. Ik haw in pear foto’s út de parsemap by dit artikel opnommen. Dy map jout in moai oersjoch fan wat der te sjen is. De map is maklik te finen op de side fan it museum by ‘persmappen’.

Wat my benammen opfoel is de prachtige wize fan presintearjen. Dêr wurdt troch musea wat langer wat mear omtinken oan jûn en net allinne yn Ljouwert. Der is sadwaande in soad te sjen en te learen oer de eftergrûn fan dy beide minsken dy’t hast al fergetten wiene, mar yn dizze tentoanstelling ta libben komme en mei sukses. Aldere lêzers sil de Bisschopskeamers yn it âlde Fries Museum noch heuge. Dat helle it net by wat no te sjen is.

De foto’s en it filmke ûnderoan dizze bydrage binne mei tastimming oernommen út  de parsemap.

Ut it lêste parseberjocht fan it museum:

Beste Fries Museum-tentoonstelling volgens bezoekers

De tentoonstelling Christoffel & Kate Bisschop: Verlangen naar vroeger, die door bezoekers met maar liefst een 9 wordt beoordeeld, is langer te zien. Het Fries Museum in Leeuwarden verlengt de publieksfavoriet tot en met 7 juli 2024. Niet eerder werd een tentoonstelling van het museum zó hoog beoordeeld. In de tentoonstelling maak je kennis met de Friese kunstenaar Christoffel Bisschop – in zijn eigen tijd vergeleken met meesters als Vermeer en Rembrandt – en zijn Engelse echtgenote Kate. Samen vormden zij hét powerkoppel van de 19de eeuw. Het Fries Museum haalt het ooit zo beroemde echtpaar Bisschop terug uit de vergetelheid met een grote tentoonstelling, die laat zien hoe het verlangen naar vroeger het leven en werk van de kunstenaars bepaalde.

 

april 25, 2024 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.