Us Museum docht as is it Frysk in frjemde taal

maart 29, 2019 22:34

Troch Nanne Hoekstra

Is der wat it taalgebrûk yn it Fries Museum oanbelanget wat feroare sûnt It Nijs fiif jier lyn konkludearre dat it Frysk by Us Museum in kuriositeit is? Al wat, ûntduts ik ferline wike op de lêste dei fan ‘Rembrandt & Saske: Leafde yn de gouden iuw’.

Foto: Nanne Hoekstra

It yllústere pear wie lokkebrea, want it gie benammen oer santjinde iuwske leafde yn it algemien, mar de útstalling koe beslist besjen lije en dêr woe ik it no ek net oer ha. Begjin 2014 murk It Nijs op dat it foar bûtenlanners likegoed taalearmoede wie yn it Fries Museum. Dat wie no al wat better. De útlis stie no net allinnich mear yn it Nederlânsk mar ek yn it Ingelsk op de muorren neist de toande skilderijen, tekeningen en etsen ensafh. In audiotoer waard lykwols allinnich mar yn it Nederlânsk oanbean. Mar de ynformaasje wie no ek yn it Dútsk te besetten yn boekjes dy’t men út in herntsje wei meinimme koe. En krekt lyk as fiif jier lyn ressortearre it Frysk noch hieltyd op datselde plak, by de frjemde talen.

Ik fyn it moaier om de ynformaasje yn it Frysk te krijen, dat ik naam sa’n boekje mei. Mar al gau hie ik myn nocht fan it algeduerigen yn it boekje omblêdzjen om de goeie teksten by de skilderingen te finen. Ik joech it mar oer doe’t ik fernaam dat it folle makliker wie om de ferhaaltsjes op de muorren te lêzen.

In 17e iuwske selfy. Foto: Dinka den Hollander

Allinnich as der safolle folk by in skildering stie dat de tekst net mear te ûnderskieden wie, bliek it boekje handich te wêzen. Dat, hoefolle sille dy Fryske boekjes brûkt wêze? Benammen om’t alle Friezen wol sa maklik Nederlânsk lêze en nei alle gedachten de measten sels it Ingelsk noch better leard hawwe as harren eigen taal. Unbegryplik dat Us Museum, wylst it oersetwurk dochs al dien wie, Us Frysk net as meast opfallende taal just boppe-oan grut en foar eltsenien goed lêsber op de muorren pronkje liet. Dêr wie plak genôch foar. Wylst net ien der lêst fan hân hie, hiene dan net allinnich de Frysktaligen harren gerak krige, mar hie it Fries Museum ommers ek sjen litten dat it oars is as de oare grutte museums fan dit lân. Nederlânsktalige Rembrandteksposysjes binne der yn dit Rembrandtjier op it lêst al noch genôch.

Wat der no te rêden is yn it Frysk museum, is te sjen op de museumwebside (yn fjouwer talen). 
maart 29, 2019 22:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 maart 30, 08:29

    It Frysk is as in suertsje by de boadskippen. By it bouwen fan dit museum hie der fuortendaliks tocht wurde moatten oan folsleine twataligens. Allyksa bygelyks doe’t Arriva nije treinen ynsette, oantsjuttings hienen yn alle gefallen yn it Frysk moatten. Mar nee hear, Ingelsk is der wol by mar Frysk? Friezen lêze ek (en faak better) Hollânsk, dat wat soe it? En de Friezen steane derby en sjogge dernei. En it kin harren neat skele. Mij ook niet meer, zo langzamerhand een verspilling van tijd, dat Fries. Het kan de Friezen niets schelen, die spreken even (of: nog liever) Nederlands dan Fries. Wie ben ik dan om me nog langer in te zetten voor dat Fries? Geen minder volk dan Friezen, welk een zelfverloochening.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.