Oerdwers troch Waadhoeke

maaie 10, 2024 08:00

Eabele van der Veen: It Jabikspaad del (3)

Fan Winsum nei Frjentsjer

Op freed 27 desimber 2019 rin ik wer in trajekt fan it Jabikspaad. It is kreas waar, mei sinne en in bytsje froast. De reis mei it spoar en de bus giet hiel flot.

Om kertier oer tsienen rin ik al troch de buorren fan Winsum. It paad giet oer Tsjom en Hitsum nei Frjentsjer.

Miedema Winsum (eigen foto)

Miedema Winsum (eigen foto)

Winsum is bekend troch it fierljeppen. It fabryk fan Miedema is foar de âlderein yn Fryslân ek in begryp. Ik koe noch mar krekt lêze doe’t ik op de heawein fan ús heit it wite plaatsje mei de tekst ‘Miedema Winsum’ seach. In heugenis út myn bernetiid. It fabryk is sletten, mar de gebouwen binne der noch wol. Op de skoarstienpiip fan it fabryk stiet noch mei grutte letters Miedema. Dat fabryk hat de wurkgelegenheid hjir dúdlik stimulearre. Der is no in drok beset bedriuweterrein. Winsum leit moai sintraal en is út alle rjochtingen wei goed te berikken troch de provinsjale diken dy’t inoar hjir kruse.

Tusken Winsum en Tsjom (eigen foto)

Ik kom no yn it fjild tusken Winsum en Tsjom. De diken binne hjir smel en der is net folle drokte. It fjild glimt fan wietens. By de wietste plakken hâlde fûgels ta. Dêr binne der hjir in soad fan. Ik kin se sjen en hearre. Moai is it lûd fan de wylpen. De sang fan dy fûgels komt fan ferskate kanten op my ta. Ik haw net lang lyn lêzen dat dy fûgel ek hiel fluch yn oantal efterút giet. Yn ’e fierte sjoch ik oer de Frjentsjerter Feart in wyt brechje lizzen. As ik dêrop stean haw ik in goed oersjoch oer de Greidhoeke. It lânskip hjir fyn ik foaral moai fanwegen it geweldich fiere sicht. Hiel fier fuort, oan de súdwestlike kime, is in grut gebou te sjen. Yn de Bosatlas fan Fryslân hie ik thús al sjoen dat dit in gebou fan de skipswerf by Makkum wêze moat. Yn dy atlas seach ik ek de bysûndere nammen fan pleatsen en buorskippen lykas Fatum, Tritsum, Barrum, Weakens, Leakwert. Doarpen mei in namme fan ien wurdlid binne faak de âldste plakken. Dêr is Tsjom it bewiis fan. De tsjerketoer fan Tsjom is de heechste fan Fryslân en falt dêrtroch yn de wide omkriten op. Dêr is in moai ferhaal oer. As ik mei myn kuier yn Aldeboarn bin, sil ik it jimme fertelle.

Tsjom (eigen foto)

Tsjom hat noch in geve buorren. By de tsjerke is dat goed te sjen. Der is wol wat nijbou, mar dy is knap oan de âlde buorren oanpast. Ticht by de tsjerke stiet, tsjin de hage fan it tsjerkhôf oan, in grutte houten sitbank. Dêr gean ik efkes op sitten om wat om my hinne to sjen. Efter my hear ik twa manlju oan it wurk. Se binne mei in grêf dwaande. Foar my leit de iisbaan. It sil hjir wol hiel gesellich wêze as der iis leit. Ik sjoch it samar foar my. No is de iisbaan foar de einen fan Tsjom. Ik tel wol tachtich oan ’e kant fan it wetter. It sit hjir noflik. Om tolve oere begjint de klok te lieden. Wat is it in swier en donker lûd dat de klok hjir makket. Ik fyn it in bysûndere sfear jaan, mei trochdat we yn Lelystêd mar ien tsjerke mei in liedklok hawwe, en dy kin ik mar in inkelde kear amper yn ’e fierte hearre.

Holpryp (eigen foto)

Ik rin wer fierder. Oan ’e râne fan it doarp bûcht myn paad fan de strjitwei ôf. No kom ik oer in soarte fan betonnen kavelpaad. Oan it begjin dêrfan leit in wyldroaster, want it fee kin ek op dit paad komme. Dochs is it in iepenbiere wei. De pleatsen hjir binne der ek op oansletten. Holpryp hjit it hjirre. In nijsgjirrich meitsjende namme, fyn ik. De krite tusken Tsjom en Hitsum leit op in kwelderwâl. Dêr hat yn it ferline in rige terpen op lein. Der wurdt sein dat hjir ea de earste buorkerijen fan it hiele terpegebiet west hawwe. Yn de midsiuwen hawwe hjir in pear staten stien. Ik kuierje op histoaryske grûn.

Leaden byldsje (krekt fûn; eigen foto)

Op in stik lân dat krekt omploege is, rint in man. Hy siket âldheden mei in metaaldetektor. Wy meitsje in praatsje. Hy fertelt oer de skiednis fan dit gebiet en oer alles wat er fûn hat. Op myn fraach oft er no ek wat fûn hat, krij ik wat moais te sjen. It is in byldsje dat makke is fan lead, en wol mear as ien kilo swier is. It stelt in man foar dy’t oan it sporten is. Ik mei der in foto fan meitsje. Under de yndruk rin ik wer fierder. Efkes foar Hitsum bûcht myn paad yn de rjochting fan Frjentsjer ôf. Earst is it in lyts dykje foar alle ferkear, mar letter giet it yn in moai smûk fytspaadsje oer. It Hitsumerbinnenpaad, mei oan wjerskanten in brede tichte begroeiïng fan beibeamkes en lytse beammen. Ik sjoch in protte fûgeltsjes. Healwei it fytspaad is in nije dyk oanlein. Fytsers kinne oer in eigen brêge feilich oerstekke. De útwreiding fan Frjentsjer nei it suden ta, waard altyd opkeard troch it brede kanaal en it spoar. De grins tusken stêd en bûtengebiet is dêrtroch oer in lingte fan fjouwer kilometer hierskerp. Der wie sels mar ien brêge. No is dêr feroaring yn kommen.

Lofts fan it fytspaad sille wol bedriuwen komme en rjochts is al in wenwyk oanlein. It falt my op dat dy royaal opset is, mei ek in soad wetter en grien. Troch in nij tunneltsje ûnder it spoar troch kom ik yn de bebouwing fan Frjentsjer. It stasjon is dêr ek. Wylst ik op de trein wachtsje, hear ik in flecht fluitsjende wylde swannen oerfleanen; in moaie ôfsluting fan dizze kuier.

Foto op de thússide: Tsjom

De tredde ôflevering sil op freed 24 maaie te lêzen wêze.
maaie 10, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.