Provinsje wol Frysk minder stypje, DINGtiid hat it op in pypfol
Resint ferskynd
DINGtiid, it advysorgaan fan de oerheid foar it Frysk, hat noed oer it plan fan de provinsje om folle minder jild út te jaan foar de Fryske taal. Deputearre Steaten makke okkerdeis buorkundich dat de jierlikse provinsjale útjefte foar it Frysk fan 2025 ôf tige ferlege wurdt.
De provinsje jout no alle jierren noch 10 miljoen euro út oan Fryske taal en kultuer. Der moat no struktureel 1,6 miljoen euro ôf, seit Deputearre Steaten. Dat kin mooglik noch mear wurde, al is it noch net dúdlik wêr’t op besunige wurde sil. “Konkreet ha wy gjin idee hokker kant oft it útgean kin”, seit Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid.
“In soad ynstellings kinne rekke wurde. We witte dat de provinsje yn 2025 jild knipe wol, mar net op hokker wize dat dan bart en hokker ynstelling it kwytrekket. De provinsje moat der mear dúdlikheid oer jaan.”
Mar op dy fraach kriget Koster foarearst gjin dúdlik antwurd. Deputearre Sietske Poepjes sels wit dat nammentlik ek noch net. Dy wol yn oerlis mei de belutsen organisaasjes om mei-inoar te betinken wêr’t op besunige wurde kin.
Dat de besunigings net partoerje mei de ambysjes dy’t de provinsje hat mei it Frysk, jout de deputearre wol ta. Mar neffens har kin it net oars: “Wy binne in bestjoer fan in provinsje en wolle mei alle partijen om ’e tafel foardat wy wat sizze kinne. It is better dat net in pear deputearren dat bepale, mar dat je mei it fjild besprekke hokker organisaasje oft wat ynleverje kin.”
Dat duorret efkes, seit Poepjes. “En der is net samar in kar makke wêr’t wy dan op besunigje sille. Ik kin begripe dat der panyk is yn it fjild, mar wy moatte earst mei ús allen om ‘e tafel. It hat tiid nedich. Wy moatte de bek nei de byt sette. Der moat wol wat barre, want wy moatte besunigje. Hoe’t dat komt is noch net dúdlik.”
Koster tinkt dat de finânsjes net de iennige problemen binne by de besunigings. “It giet ek om it sinjaal dat je oan it Ryk ôfjouwe. De provinsje moat altyd opbokse foar bettere taal en kultuer en mear stipe. As je dan sels al besunigje, hoe wichtich fine je de taal dan? It Ryk jout dan ek neat mear. Der binne wy wol benaud foar.”
Neffens Poepjes gappet it wider as dat it byt. Hja seit: “Wy jouwe as provinsje al in hiel soad út oan taal. As dat minder wurdt, dan is dat spitich, mar dochs bliuwt der noch in soad oer. Dat sjocht it Ryk ek. Dat wit hoe wichtich oft wy de taal fine.”
Yn de hjerst wurdt definityf besletten op hokker organisaasjes of wizen oft de provinsje besunigje sil.
Boarne: Omrop Fryslân
Jo soenen hast sizze (maar niet heus): treflik dat de provinsje dit docht. Want der moat ommers op alle fjilden omraak besunige wurde. Reden: de titanenstriid fan Oekraïne tsjin de Russyske Aggressor en al dy wapens dy’t der dêrom hinne moatte, en dy’t in smite jild kostje.