Pier Bergsma: It Frânske ljocht. Fan Maris oant Monet
Resint ferskynd
Skôging

Willem Roelofs, De bosk by Fontainebleau
Myn muoike Gryt is in jier of fyftjin ferlyn stoarn. Se is 91 wurden. Se wenne yn Schiedam op de grins mei Rotterdam. Yn myn bernejierren gie ik yn de simmerfakânsje in wike of sa by har en myn omke útfanhûs. Se namen my mei nei de film en musea. Letter gie ik der op de fyts allinne op út. Sa wie ik yn it begjin fan de santiger jierren yn Museum Boijmans Van Beuningen. Mei net in soad jild om hannen kocht ik in pear kaarten. Sa haw ik yn in doaske in kaart fan de skilder James Ensor. Doe’t ik lies dat yn it Fries Museum ‘À la campagne. Van Maris tot Monet’ komme soe mei wurk út Boijmans, kaam my yn it sin dat der ek in kaart wêze moast fan in ympresjonist. Dat is sa, it is it skilderij fan Boudin. Ik haw it neisocht: de kaarten binne kocht yn 1971. Doe wie der dy Ensortentoanstelling. It skilderij fan Eugène Boudin ‘La côte de Bénerville (de baai by Benerville) 1897 hinget no twa kear yn it Fries Museum, in kear gewoan en in kear meters útfergrutte “Yn dit skilderij feriviget er de kliffen en de azuerblauwe see”, skriuwt it Frysktalige begeliedingsboekje.

Boudin, De baai by Benerville 1879 (mei tastimming fan Museum Boijmans)
Eugène Boudin (1824-1898) wie in Frânske skilder, tekener en etser. Hy waard berne yn Honfleur oan de Atlantyske kust. Boudin wie ien fan de earste lânskipsskilders dy’t bûtendoar wurke. Dat koe fan ’e midden fan de 19e iuw ôf troch de útfining fan de oaljefervetube. Dêrneist koe troch nije treinferbiningen makliker reizge wurde. Honfleur kaam yn 1862 oan it spoar. It wie yn itselde jier dat Boudin yn ’e kunde kaam mei de Nederlânske skilder Jongkind.
Se wurde beide beskôge as foarrinners fan it ympresjonisme. Boudin hat grif fan it nije spoar gebrûk makke. Hy gie nei België om yn Antwerpen en Brussel te skilderjen. Yn 1874 gie er nei Dordrecht. Yn it Dordrechts Museum hinget wurk fan him, lykas yn Boijmans. Dat is te begripen, want hy skildere yn 1876 yn Rotterdam. Yn it depot is in skilderij fan de ûndergeande sinne ûnderbrocht, wylst yn it Maritiem Museum yn deselde stêd twa skilderijen fan de haven te sjen binne.
Barbizon in bysûnder doarp
Myn frou Hinke en ik komme al jierren yn Frankryk. Doe’t wy by Fontainebleau op in camping stiene, binne wy ris fan Fontainebleau nei Barbizon fytst. De rûte is oanjûn mei de letters F-B op it fytspaad en de dyk dy’t troch de bosk rint. Barbizon is prachtich. Hast der galeryen, kafees en l’Auberge Ganne. Dat wie yn de 19e iuw in herberge, no in museum oer ûnderwilens ferneamde skilders as Millet, Corot en Rouseau dy’t der kamen en ek de muorren fan de herberge beskilderen. Barbizon wie fan 1849 ôf mei de trein te berikken.
It Frysktalige boekje dat besikers by de tentoanstelling yn Ljouwert meinimme kinne op de besite oan it museum neamt Barbizon yn de ynlieding:
À la campagne
“Nei bûten ta! Ropt myn hert, myn geast, myn lichem. De natuer, it lân, is in byld fan reinens, fan ûnskuld. Sa tinkt de lânskipsskilder Gerard Bilders der yn 1862 oer. In soad tiidgenoaten diele dat sentimint. Wapene mei fervetuben en draachbere skildersezels lûke Frânske keunstners nei de bosken fan Barbizon. Yn harren fuotspoaren begjinne ek Nederlânske kollega’s te skilderjen yn de bûtenloft.”
Nijsgjirrich om te melden dat de Nederlânske skilder Willem Roelofs sa tusken 1852 en 1855 yn de bosken fan Barbizon en Fontainebleau oan it wurk wie. Ut it boekje: “Roelofs is in ferbinende figuer. Hy heart ta de âldere generaasje keunstners en is klassyk oplaat. Mar hy is ek ynteressearre yn nije techniken en hy ken in protte fan de jongere keunstners. Ek topografysk sjoen sit er moai yn ’e midden. Roelofs wennet yn Brussel, dêr’t er kontakt ûnderhâlde kin mei sawol Nederlânske as Frânske keunstners.” Syn ‘Bosk by Fontainebleau’ hinget no ek yn Ljouwert.
De tentoanstelling is te sjen oant mids july. Wier in oanrieder. Sjoch foar mear ynformaasje de bydragen yn DE NIJE, ús magazine dat mids maart yn de winkels leit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje