By mûzeútbraken dije fjildûlen

april 18, 2024 06:43

Yn 2014 en 2019 wiene der in ferskuorrend soad fjildmûzen. Dy hiene yn de Fryske greiden tsientallen briedgefallen fan fjildûlen fan gefolgen. Yn 2014 gie it nei’t rûsd wurdt om sa’n fyftich pear en yn 2019 om op syn minst 75.

Fjildûle op it nêst (foto Romke Kleefstra)

Yn de hjerst fan 2022 en de winter dy’t dêrop folge, like it dat der wer in mûzeútbraak komme soe, mar troch in soad reinwetter yn kombinaasje mei froast rekken in protte mûzen dea en foel it wat ta. Der bleaune op plakken noch wol wat klusters mûzen oer en dêrtroch krigen fjildûlen de kâns om har dêr te fêstigjen. Sa ûntstiene yn Fryslân yn alle gefal 54 ûleterritoariums, mei 13 dêrfan yn it Waadgebiet en 33 mear de provinsje yn. De measte fjildûlen bretten op de feangrûn yn de Lege Midden, yn yntinsyf bebuorke raaigerslân. Ut trettjin nêsten fleagen sa’n 68 oant 75 jongen út.

Sûnt de iuwwiksel hawwe der trije grutte mûzeútbraken west: yn 2004/05, 2014/15 en 2019/20. No kin 2023 dêroan tafoege wurde. It wie hieltyd yn ûntwettere lân. It liket derop dat it him faker foardwaan sil. Oan al dy pleagen, mei 2023 as útsûndering, giene (tige) sêfte, sinnige en drûge winters foarôf. Underwilens hawwe we ien fan de alderwietste winters efter ús lizzen. Dat ûnthjit net folle goeds foar de fjildmûzen, want al dy wietigens soarget foar in lege reproduksje en in hege stjerte ûnder de mûzen. Op in soad plakken is de fjildmûzepyk ûnderwilens útdôve, mar hjir en dêr tilt it noch op fan de mûzen. Dêr is it brieden fan fjildûlen net útsletten. Tink der mar om. Briedgefallen kinne trochjûn wurde oan velduil@sovon.nl.

Romke Kleefstra
wurksum by Sovon, de lanlike fûgeltelorganisaasje

Boarne: Middelpunt
april 18, 2024 06:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.