De jeugd en de takomst fan it Frysk

april 21, 2024 10:16

troch Jaap Slager

It is faaks wat in skriele treast, mar it rint mei it Hollânsk noch folle hurder op ’e non as mei ús memmetaal. Hoe oft ik dat wit? No, ik moat bytiden fan oare lju oerset wurk proeflêze. Dat wol sizze dat men in tekst kritysk lêst en wat troch de mesken kin, gewurde lit. Ommers, in bytsje bryk is minske lyk. Mar yn ’e praktyk stiet dizze Slager allegedueren mei it filearmes dwers yn ’e bek.
Ien fan ’e boeken dy’t ik de ôfrûne wiken ûnder hannen naam, wie wakker yn oarder. Dat moat fan in Fries oerset wêze, tocht ik fuort. Want it is krekt oft de behearsking fan it Hollânsk by Fryske jongelju better is as dy by Hollânske. Alteast, by Fryske jongelju, dy’t har memmetaal noch brûke.

Dat twataligens net swak byspilet, sjucht men ek by Het Groot Dictee, dat hast alle jierren fan immen út it Belzelân wûn wurdt. Teminsten, goed tweintich jier lyn wie dat sa, doe’t ik dêr fan en ta nei seach. Tûzen om trettjin dat it noch hieltyd sa is.
In ferskeel tusken Fryslân en Belzelân is fansels al dat wy yn it heitelân foar Frysk op skoalle op ’e barrikaden moatte, wylst dat dêrjinsen tink net hoecht as it om Hollânsk giet (of Flaamsk, si vous voulez).

It leit yn ’e reden dat Fryske jongelju har net sa bewust binne fan de foardielen fan twataligens as harren âlden dat binne. Ik haw it byld fan in demonstraasje noch klear op it netflues dêr’t in kloft folwoeksenen op stiet, mei ‘Frysk op skoalle!’ op in boerd.
Ik wie slop doe’t ik mar ien of twa bedêste bern ûntduts yn ’e opljeppene mannichte: It liket fergemy de Nachtwacht wol!

Mar – Nachtwacht of net – hja hiene en hawwe gelyk fansels. As wy wolle dat de jeugd yn Fryslân ús rykstaal brûken bliuwt, moatte sy dy earst moai fine. En om eat moai te finen, moatte sy der earst mei yn ’e kunde komme. Wêr hie bygelyks myn leafde foar it Frânsk weikomme moatten, as ik dat op skoalle net hân hie? Leafde foar in fakgebiet begjint ornaris op skoalle. Leafde foar it Frysk dus ek. Dat jildt benammen foar bern dy’t it net fan hûs út meikrije.

Mar, ik frege my ynienen ôf …
Wat dogge wy eins mear as derfoar soargje dat ‘Frysk op skoalle’ op buorden komt? (De dûbelsinnigens is mei opset sin, ja.)
Wat dogge de dragers fan ús kultuer bygelyks?
As men op de skiterich lytse letterkes fan syn artikels ôfgiet, rjuchtet It Nijs him poer op jeugd (en net op steksjuggerige jeld). Mar alles wat liket, hoecht noch net wier te wêzen …
Sykje ik net goed of binne der út noch yn gjin dingen dy’t nijsgjirrich binne foar bern? Der sil dochs wol in frisiast te finen wêze dy’t in fúljeton skriuwe kin, in spannend ferfolchferhaal dêr’t bern út skoalle wei foar nei hûs ta drave en It Nijs út ’e bus skuorre om te lêzen hoe’t it fierder giet?

april 21, 2024 10:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap april 21, 23:50

    De kranteman fan ‘e redaksje hat my al útlein dat ik mei it tsjiltsje op de mûs de tekst fergrutsje kin as ik tagelyk Ctrl yndrukt hâld. Ik wie sa’t skynt de iennichste yn Jerope dy’t dat net wist. En, nee, der is net in Fries mear te finen dy’t de taal fan ‘e bern noch sprekt. Libbe ús heit noch mar, want dy tocht alle jûnen op ‘e nij in ferhaal fan Plysje Sabel foar ús op!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.