Dwers troch it âlde Baarderadiel

april 26, 2024 08:00

Eabele van der Veen: It Jabikspaad del (2)

Fan Mantgum nei Winsum

Op 30 oktober 2019 lis ik wer in stik fan it Jabikspaad ôf. It is knap waar, hiel helder en sinnich. Mei myn OV-kaart kin ik sân dagen yn it jier frij reizgje. Op sokke dagen mei men lykwols net foar njoggenen ynstappe, dat ik kom pas om healwei tolven yn Mantgum oan. In hiele reis.

Mantgum (eigen foto)

It falt my wer op dat Mantgum, it haadplak fan de eardere gemeente Baarderadiel, sa’n fleurich doarp is. Sinneljocht en hjerstkleuren bepale de sfear as ik troch it plak kuierje. It is stil yn ’e buorren.

Efkes bûten it doarp giet it paad by in feart lâns en dêrnei oer in betonpaadsje troch in stik lân nei in grutte boerepleats. De kuierders meie dêr oer it hiem rinne. Aldergelokst is der gjin hûn. Nei it hiem kom ik op in betonpaad dat op de dyk nei Jorwert ta útkomt. It paad rint troch Jorwert, dat bekend wurden is troch it boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan Geert Mak.

Jorwert (eigen foto)

By in soad Friezen is Jorwert ek bekend troch de iepenloftspullen, dy’t dêr al sa’n santich jier yn de notaristún spile wurde. Ik kom by de tsjerke. Dy wurdt Redbadtsjerke neamd. Redbad wie om 900 hinne in bekende biskop. Ik miende earder dat der mar ien Redbad wie, de Fryske kening Redbad. Dy twa wiene famylje faninoar. Der binne minsken yn tsjerke. Dy binne hjir foar ien dei, om wat fan it kleasterlibben te belibjen. Der komme in hiel soad minsken dy’t sa no en dan efkes ôfstân nimme wolle fan alle deistige drokte. De plannen om by Jorwert in kleastermienskip te foarmjen binne al fierhinne slagge. Stichting Nijkleaster organisearret in soad saken en timmeret der flink mei oan ’e wei. Stilte, besinning en ferbining binne de begripen dêr’t de stichting stal oan jaan wol. Ik fyn it hiel nijsgjirrich wat dêr bart.

Leonzerpolder (eigen foto)

Efkes bûten Jorwert begjint it paad nei Leons. Troch de Leonzerpolder, in âld tsjerkepaad lâns. Dêr is suver neat mear fan te sjen. Ik moat myn wei troch de greiden sykje. Troch de rein fan de lêste wiken is alles wiet. It falt net ta om drûge fuotten te hâlden. Mar wat is it hjir moai yn de polder! Dit lânskip is in âld kweldergebiet. Neat is rjocht of sljocht. Unregelmjittich foarme stikken lân en bolrûne ikkers. Sa te sjen moatte de greppels alle reinwetter nei de sleatten ôffiere. Al iuwen. Oan de wiete plakken yn de polder binne de âlde slinken of kreken werom te kennen. It wetter lûkt in protte fûgels oan. Ideaal fûgeltsjelân dus. Ik sjoch dat de wintergasten al wer oankommen binne. Hiel moai, dy wylde swannen dy’t leech oer my hinne komme. Moaie koppen hawwe dy bisten. Se fluitsje ek. Dat lûd klinkt foar my as moaie muzyk. Dy fûgels binne hjir, amper ien wike lyn noch mar, út it hege noarden fan Europa wei oankommen. Der fleane ek hûnderten smjunten. Dy hear ik ek fluitsjen. Dat bysûndere lûdsje hear ik thús ek wolris, as se op ’e trek binne. Ljippen en wilsters binne ek rûnom. Bûten de fûgellûden om is it stil om my hinne. Alle minsklik lûd komt fan fierren. De yndrukken dy’t ik hjir opdoch sille my lang heuge, tink ik. Leons komt tichterby. It âlde tsjerkepaad is no better te sjen; hjir is it in púnpaadsje. In pear hazzen komme út ’e fierte wei op my ta skarreljen. Se sjogge my noch net. As ik dan stilstean bliuw en my net ferroer is der kâns dat se tichteby komme. Dat bart ek. Wer in moai momint.

Utsjoch op Leons (eigen foto)

Yn Leons begjint de bewenne wrâld wer. Wat in lyts doarpke is it. Ik rin efkes nei it tsjerkje. Dat sjocht der goed ûnderholden út, mar it wurdt tink net mear foar tsjerketsjinsten brûkt. Ien kilometer fierder bin ik by de Panwurksbrêge oer de Boalserter Feart. Dêr stiet in moai bankje. In fisker brûkt it. Ik freegje him oft ik der ek sitte mei. Hy hat gjin beswier en makket wat romte foar my. Ik wol wat ite. Brea en kofje smeitsje hearlik. Ik reitsje mei de man oan ’e praat. It giet ek noch earne oer. It docht bliken dat wy ferskillende dingen mien hawwe. Dêr hat de man ek aardichheid oan, kin ik fernimme. Wy freegje inoar net nei de namme. Dat is op sa’n stuit net fan belang. Wy winskje inoar it bêste ta en ik ferfolgje myn wei. No giet it paad by de feart lâns nei Baard en Easterlittens, oer in asfaltfytspaad. Dat rint noflik. It soe bêst kinne dat it oanlein is op it eardere jaachpaad fan de trekfeart. De feart is tige bochtich. Dat tsjut neffens my op in natuerlik wetter út it begjin fan de terpetiid. Yn de midsiuwen hat oer dit wetter drok skipfeartferkear west.

Baard yn ’e fierte (eigen foto)

Baard leit tsjin dit wetter oan. Dêr is in brêge. Fuort dêrby stiet in âld brún kafee. Dêr hawwe de beropsskippers faak oanlein. De sterke ferhalen libje hjir grif noch.
Dan komt Easterlittens yn it sicht. Hjir tichteby kruse de Boalserter Feart en de Frjentsjerter Feart inoar. Dêr bûcht myn paad ôf, op nei Winsum.
Ik kom net yn ’e buorren fan Easterlittens. Wol sjoch ik oan de oare kant fan de Frjentsjerter Feart de camping dêr’t Tineke en ik yn 2010 sa moai kampearre hawwe. By de Frjentsjerter Feart lâns is it goed rinnen oer al wer in fytspaad.

Easterlittens (eigen foto)

Hjir fakânsje fiere en dan de fyts mei, is ideaal. Opfallend yn it wide fjild is de krusing fan twa provinsjale diken. De dyk fan Snits nei Frjentsjer en de grutte dyk fan Ljouwert nei Boalsert kruse inoar hjir. Ik bliuw bûten de drokte fan it ferkear, want der is in tunnel foar de fytsers makke. Sa kom ik yn Winsum.

It wie myn bedoeling en stap yn Tsjom op ’e bus. Mar dêr is it te let foar wurden. Ut Winsum wei rydt in bus nei Ljouwert. Om fjouwer oere kin ik ynstappe en om seis oere hinne kom ik yn Lelystêd oan. Ik haw in skoandere dei belibbe.

Foto op de thússide: de Leonzerpolder.

De tredde ôflevering sil op freed 10 maaie te lêzen wêze.
april 26, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.