Nanne Hoekstra: Wês gjin ferbrekfries!

augustus 2, 2022 12:04

Skôging

Wêrom ferbrekt de Fries him sa gau? Dat freget Hilda Schram har ôf (Leeuwarder Courant 11-7). Want Frysk prate is ommers essinsjeel foar it fuortbestean fan de taal. Se hellet yn dat ferbân de siswize ‘Wa’t himsels weismyt is ta weismiten keard’ oan. Dêrom sit hja, krekt as Pier Bergsma (LC 14-7) en mysels, yn noed oer de takomst fan it Frysk. En is it wichtich om it antwurd op har fraach te finen.

No sille de measte ‘ferbrekfriezen’ der simpelwei net sa by stil stean, tink ik, mar sa út en troch leit ien yn in ynstjoerd stik syn driuwfearren út, lykas Pier Snieder út Akkrum (LC 7-6). Dy syn ynstjoering lêst yndied suver as in hânlieding hoe’t Friezen harren taal effisjint nei gychem helpe kinne. Taal is neffens Snieder allinnich ornearre foar kommunikaasje. De kulturele wearde neamt er net. En it belang foar ús identiteit leagenet er sels. Singelier, want wat is der no gaadliker om jins Frysk wêzen te praktisearjen as it brûken fan de taal?

Snieder wol al ha dat er sels altyd Frysk bleaun is ‘omdat Fries zijn in je zit’. It komt der allinnich net út – of hy moat him mei pompeblêd-parafernalia behelpe – want bûtendoar praat er meastentiids Nederlânsk en it Frysk hat er net oan de bern leard. Hy nimt dus skielk alles mei yn syn grêf. Lykwols is Frysk wêzen net in partikuliere eigenskip dy’t men yn jinsels bedobbet mar ûnderdiel fan wat grutters: de mienskip, dêr’t elkenien in bydrage oan leverje kin; posityf én negatyf.

As Fries om utens wenne Snieder lang yn in plak dêr’t ‘een bijna onverstaanbaar dialect’ sprutsen waard. Wie hy dêre faaks dejinge dy’t op lokale gearkomsten frege oft ‘het svp in het Nederlands mag’? Dêrmei hat er dan dy streektaal ûnderstek dien. Krekt as er no mei it Frysk docht.

“Laat de mensen zelf de keus maken in welke taal ze communiceren”, skriuwt Snieder. Bêst genôch, mar betink wol dat eltse yndividuele kar konsekwinsjes hat foar de mienskip: it net brûken fan it Frysk yn eigen fermiddens liedt derta dat dy hieltyd mear ferhollânskje. Fangefolgen hawwe kommende generaasjes dy kar hielendal net mear! Wa’t him omreden fan rimpene kommunikaasje op dit stuit ferbrekt, draacht dêrmei by oan it ferbrekken fan de skeakel tusken it Fryske ferline en de takomst.

Dêrom: doch krekt oarsom as Snieder en brûk it Frysk safolle mooglik. Set altyd mei in petear útein yn it Frysk en stap net samar oer op it Hollânsk as ien jim net fuortdaliks ferstiet, mar gryp de gelegenheid just oan om him of har wat fan ús taal te learen. Sa kin elkenien alle dagen in bydrage leverje oan it fuortbestean fan it Frysk.

Ynearsten publisearre yn de Ljouwerter Krante fan tongersdei 21 july lêstlyn. De neamde ynstjoering fan Pier Bergsma is ek nei te lêzen op It Nijs. Sjoch fierder: ‘Haw wille mei it Frysk…’.

augustus 2, 2022 12:04
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Luba augustus 4, 11:59

    Wêr hingje dizze Muoike Saakje-posters? Ik haw se noch nearne yn Fryslân sjoen; bushokjes of sa of winkels?

  2. Jan A. Schulp augustus 4, 15:12

    Wat in aardich ynisjatyf!
    Sels bin ik sûnt 2-19 Fries om útens. Okkerdies hearde ik yn Voorschoten in man Frysk praten mei syn bern, en dêr sprong ik dan op yn, mei in hiel aardich petear as resultaat. Brûk it Frysk by eltse kâns!

  3. Gosse Ytsma augustus 10, 15:19

    Wit je, ik brûk it frysk yn alles Appe, mail brieven. Dan krij ik regelmjittich it kommentaar its is net foutleas. Ja dan wurdt der faaks bysein dan kinst better NL broeke???
    Mar ik ha in lichte foarm fan disleksje en ek myn NL is ek net foutleas. It soe better wêze en akseptearje dat minken it brûke want taal is net maklik as je der gjin gefoel foar ha. Groetnis
    Gosse

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.