Marije Buma wint it Lyts Frysk Diktee 2024

maaie 15, 2024 11:56

Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei seis flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al.

Priiswinners 2024 Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda (foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden)

Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei njoggen flaters. En it tredde plak wie foar Saphyra Holwerda fan de Tijstream út Holwert.

Yn totaal diene 46 learlingen fan 22 skoallen oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee mei. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden

maaie 15, 2024 11:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. Slager maaie 15, 16:12

    The Last of the Mohicans

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.