GrienLinks en FNP: passive hâlding oerheid by bestridingsmiddels skealik
Resint ferskynd
GrienLinks en de FNP binne fan miening dat de passive hâlding fan de oerheid by it tapassen fan bestridingsmiddels yn benammen de blombollebou en sierteelt skealik is. Ynwenners dy’t njonken sokke fjilden wenje sitte hieltyd mear yn noed oer de sûnens en der binne aloan mear oanwizingen dat dy noed terjochte is.

Foto: pixabay.com
De twa partijen stelle fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. It resinte rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer oer it blombolleboubelied yn Drinte smyt in soad fragen op, ek foar de situaasje yn Fryslân. Dêrnjonken blykt út resint wittenskiplik ûndersyk dat resten fan bestridingsmiddels oeral yn ús wenomjouwing en yn ús iten sit en dat de beoardieling fan dy middels gjin rekken hâldt mei steapeljende effekten.
Op basis fan dy legitime noed hawwe rjochters al beheiningen op it gebrûk fan tastiene bestridingsmiddels oplein. FNP en GrienLinks wolle fan it Fryske kolleezje witte wêr’t yn Fryslân blombollen en blommen ferboud wurde. De partijen binne fan betinken dat de lakse hâlding fan de oerheid skea docht oan sawol ferbouwers (dy’t har oan de ûntarikkende besteande regels hâlde), as oan de omwenners dy’t yn in tekken fan bestridingsmiddels set wurde. Dy beide belanghawwers komme sa hieltyd mear foarinoar te stean.
Dêrneist soene de partijen graach sjen dat it kolleezje ynkoarten mei in beliedsnotysje komt oer de mooglike ynset fan de planologyske en romtlike ynstruminten dy’t de provinsje hat en dy’t yn it rapport oer Drinte ek útwurke wurde. Troch it ynstellen fan sônen om kwetsbere objekten lykas skoallen en pjutteboartersplakken, wenningen, yn drinkwetterwingebieten of by natuergebieten soe in flink stik fan de konflikten tusken ynwenners en blombolleferbouwers ferholpen wurde kinne mei in lokaal fergunningstelsel.
Taheakke: Skriftlike fragen GrienLinks en FNP oer belied pestisiden bolletylt






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje