Drinte wol it splitsen fan wenten yn provinsje stimulearje mei subsydzje

maaie 16, 2024 08:13 Fernijd

De provinsje Drinte wol it splitsen fan wenten fierder stimulearje en lûkt dêr de ponge foar. Sa hopet de provinsje de wenningneed tsjin te gean, docht ûnder mear bliken út antwurden op fragen fan de VVD-fraksje yn Provinsjale Steaten.

Foto: pixabay.com

De provinsje skriuwt dat it opdielen fan wenten potinsje hat, benammen by wenten op it plattelân, yn ’e mantelsoarch en by húsfêsting fan jongelju. In subsydzjeregeling moat dêrby helpe, tinkt de provinsje. It idee is om foar wenningsplitsing 5000 oant 10.000 euro de wenning beskikber te stellen, berjochtet RTV Drinte. Njonken nijbou wurdt it kadastraal splitsen fan besteande wenten sjoen as in manier om de wenningneed tsjin te gean. Hieltyd mear Drintske gemeenten sjogge dêrom nei ferrommingen yn it splitsingsbelied. Mar út ûndersyk fan RTV Drinte bliek earder dat yn ’e provinsje sûnt 2019 net folle gebrûk fan wenningsplitsing makke is.

Inisjatyfnimmers heakje ôf om hege kosten en in protte regels. Hja hawwe bygelyks te krijen mei ferplichte ûndersiken en bykommende kosten en sitte oan in minimaal oerflak fêst foardat in wenning opdield wurde mei. De omrop skreau earder ek dat it wenningsplitsen yn ’e provinsje behindere liket te wurden troch de ferskillen yn belied by de gemeenten: wylst de iene gemeente in protte belied en dus regels foar de splitsing hat, hat de oar dat just net.

“Streamline oanpak”
De provinsje hat nei oanlieding fan de stelde fragen ek sels ûndersyk dien en befêstiget de ferskillen. Dochs wol it provinsjebestjoer de lokale oerheden de romte jaan om harren eigen belied út te fieren. Wol stribbet de provinsje dernei de gemeenten te helpen mei “in mear streamline oanpak” troch ûnder mear kennis út te wikseljen. Steatelid Kees Vianen, dy’t de fragen út namme fan de VVD-fraksje yntsjinne, tinkt dat de subsydzjeregeling inisjatyfnimmers helpe sil. Wol freget er him ôf oft mei de kennissesjes it ferskil tusken gemeenten lytser wurdt. “In kennissesje laat noch net ta in wiziging fan it belied. Dêr hawwe wy yn de fraksje wol noed oer. Men moat wol oeral deselde kânsen kreëarje, oars is it dreech om út te lizzen.”

maaie 16, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.