Nije taalnotysje ‘Fansels Frysk’

maaie 15, 2024 11:46

In fanselssprekkend plak foar it Frysk op skoalle, op it wurk en yn de iepenbiere romte. Dat is ien fan de ambysjes yn de provinsjale taalnota Fansels Frysk, dy’t hjoed troch it kolleezje fan Deputearre Steaten presintearre is. Yn de notysje steane de plannen foar it taalbelied fan 2025 oant en mei 2028. Dy freegje foar de hiele perioade om in ynvestearring fan 10 miljoen euro. Provinsjale Steaten sille op 19 juny 2024 de notysje behannelje.

Yn de dieredokterpraktyk yn Grou (foto: Bart Lindenhovius, boarne: Provinsje Fryslân)

“It Frysk hat in fanselssprekkend plak yn it libben fan de mearderheid fan de ynwenners fan Fryslân. Mar bûten de doar is it Frysk net altyd like sichtber, en dat kin oars,” skriuwt Eke Folkerts, deputearre fan taal en taalûnderwiis. “Friezen moatte harren memmetaal fansels ek bûten de doar brûke kinne, lykas yn it kontakt mei de oerheid en yn de soarch.”

Yn de taalnotysje is omtinken foar it Frysk thús, yn it ûnderwiis, op it wurk, yn de frije tiid en yn de iepenbiere romte. Der is ek omtinken foar it Frysk by de oerheid, de rjochtbank en yn de soarch. Wittenskiplik ûndersyk is de basis fan it taalbelied. De provinsje wol dy basis fuortsterkje, ûnder mear troch nasjonaal en ynternasjonaal better gear te wurkjen, ek op kultureel mêd. Om de ambysjes út de taalnotysje te realisearjen, is de provinsje ôfhinklik fan in goede gearwurking mei oare oerheden en mei kulturele ynstellingen, ûnderwiis- en kennisynstellingen. Dy partijen spylje in wichtige rol yn it taalbelied.

BFTK
De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028, dy’t op 8 april tekene is, foarmet de basis foar de taalnotysje. De notysje folget yn grutte linen de opset fan de BFTK, dy’t basearre is op it UNESCO-taalfitaliteitsmodel. Yn Fansels Frysk leit de provinsje út hoe’t dy de ôfspraken op grûn fan har eigen rol útwurkje sil. En hokker strukturele en ynsidintele middels dêrfoar ynset wurde sille. De Fryske streektalen falle net ûnder de BFTK, mar krije wol omtinken yn de taalnotysje.

Yn de taalnotysje wurdt fierder boud op de ambysjes út de foarige beliedsnota, Nij Poadium (2021-2024). Dy notysje ferbûn taal, keunst en erfgoed mei-inoar. De ferbining tusken dy beliedsmêden bliuwt. In beliedsnotysje oer allinne de Fryske taal jout de kâns om noch better sjen te litten hoe’t Deputearre Steaten syn rol de kommende fjouwer jier ynfolje wol.

Taheakke: Taalnotysje Fansels Frysk 2025-2028

maaie 15, 2024 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.