Haw wille mei it Frysk yn it jier fan de Kulturele Haadstêd

jannewaris 3, 2018 17:14

Resint ferskynd

Om’t ús folk in dei âlder wurdt en no wolris wat help nedich hat, ha ‘k as Fries om utens nei inkelde desenniums wer geregeldwei kontakt mei bedriuwen en ynstânsjes op De Jouwer. Moai, kin ‘k nochris gewoan Frysk mei de minsken prate, tocht ik. Mar dat falt o sa ôf. Oft ik no in organisaasje skilje of in winkel ynstap, altiten set de oare partij yn it Nederlânsk útein. Benammen by de jongelju efter de supermerkkassa moat men meastentiids it net-ferbrekken steech folhâlde om der noch wat Frysk út te krijen. De folgjende klant wurdt wer fleurich yn it Nederlânsk begroete en dy praat gauris yn dyselde taal werom, ek al is er sels noch sa Frysktalich. Frysk is skynber net mear fanselssprekkend yn it iepenbiere libben. It Frysk dat ik fan jongerein ophein is boppedat gauris fan it soarte dêr’t my de teannen fan kromje. It Nederlânsk liket de measten makliker ôf te gean, sa fier is it hinne. Gjin niget. Yn it ûnderwiis kriget ús eigen taal fierstente min omtinken en op strjitte falt dy dus langer ek amper noch te learen. It stuit dat it Frysk gjin omgongstaal mear wêze sil yn grutte parten fan Fryslân komt sadwaande neieroan.

Mar sa hoecht it net te ferrinnen. Trends kinne omkeard wurde as we ús mar genôch bewust binne fan de konsekwinsjes dy’t ús hâlden en dragen hawwe, sjoch bygelyks nei it smoken yn iepenbiere romten en alkohol yn it ferkear. Yn dit gefal moatte we ôfweve mei it idee dat Frysk prate ûnfatsoenlik wêze soe. Krekt oarsom, minsken dy’t it brûken fan it Frysk behinderje, ferrinnewearje ús kulturele erfskip. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt (lykas earder foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging Jabik van der Bij dat ris formulearre, sjoch hjir).

It jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd kin in knierpunt wurde yn de lange histoarje fan it Frysk. Dy eigen taal is ommers de grutste kultuerskat fan de Fryske mienskip. Elkenien kin omraak bydrage oan LFKH18 troch it Frysk rûnom te brûken. Groetsje dêrfoar altyd yn it Frysk, oft jimme no fan hûs út Frysktalich binne of net, as sinjaal dat jo it petear (sa folle mooglik) yn it Frysk hâlde wolle (neffens it idee fan Hindrik van der Meer, sjoch hjirre). Fansels is it net de bedoeling om minsken bûten te sluten. Mar wa’t in taal net praat, kin dy lykwols faak al ferstean en de praktyk is in foarname learmaster. In moaie doelstelling soe wêze dat minsken dy’t de taal net (goedernôch) behearskje alle dagen fiif wurden fan Frysktaligen byleare (sjoch myn LFKH18-projektomskriuwing ‘Wy jouwe elkoar de fiif’ op Stipe.frl). Inoar op boartlike wize wat leare by elts petearke, dat jout perfoarst in soad wille en mienskipssin. En in goed gefoel; want it sadwaande sawol kwantitatyf as kwalitatyf mienskiplik wer op peil bringen fan de Fryske omgongstaal foarmet in tige wichtige bydrage oan it behâld fan ús Fryskeigen kulturele rykdom. Om dat te berikken, moat der wol man- en froumachtich meidien wurde, fansels. Dat, diel dit útstel yn jim fermiddens en op de sosjale media. Allegearre in protte taalwille tawinske yn 2018!

Nanne Hoekstra

Hjoed ek publisearre yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.

Lês de eardere stikken oer dizze aksje nochris werom:

Mei-inoar kinne wy yn oardel jier it Frysk rêde

Sa grutsk as in Italiaan op ús taal

Taalsear is krekt as lânskipspine

jannewaris 3, 2018 17:14
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 3, 21:17

    Wat in tryste kollum, nei in jier wêryn’t it elkenien dúdlik wurden is dat it ferplicht Frysk ûnderwiis op skoallen ôfskaft is. En dan prate oer Fryske kultuer? Wat in trystige bedoening hjir by ItNijs, dêr’t werklik net ien de muoite nimt om ris nei te gean hoe’t minderheidstalen oerein bliuwe – wat dêr foar noadich is. De Ried fan de Fryske Beweging bestiet net mear. Wol de lêste ,,taalstrider” it ljocht út dwaan?

  2. Nanne jannewaris 3, 21:59

    Dat der net krewearre wurde moatte soe foar better ûnderwiis stiet der net yn, Abe, net iens tusken de rigels. Krekt oarsom, der is op alle fronten aksje nedich. En dan is it wichtich om mei elkoar op te arbeidzjen…

  3. Abe jannewaris 4, 18:37

    Dêr’t je it net oer hawwe, achtsje je net belangryk. Pleitsje foar Fryskpraterij op in site dy’t inkeld troch Stânfriezen lêzen wurdt hat net folle doel. Oparbeidzje mei minsken en organisaasjes dy’t net protestearje tsjin it (de facto) ferdwinen fan de wetlike ûnderwiisferplichting foar alle ynwenners fan Fryslân stiet gelyk oan sabotaazje fan it Frysk as folweardige taal, leechachtsjen fan minskerjochten en befoardering fan etnysk separatisme. Nee dus.

  4. Mink jannewaris 11, 11:52

    Abe, ast it sa stelst wol gjin bewegingsman/frou noch fierder mei dy prate. En dat helpt dan ek net, positiver dus. Mei jettik fangst gjin bijen. Mar feitlik hast wol gelyk. It giet striemin mei it Fysk en dêr helpt it entûsiasme fan ús CdK net tsjin, mar dat mei ek wer net sein wurde want soks demotivearret. Trochslach jout allinnich de hâlding fan de Friezen. Dy lit ús de takomst sjen. Wolle wy dy dan witte? Apart is dat se al hiel lang net mear ûndersocht wurdt, ûndanks dat der in ûndersyk-apparaat foar is. Ik neam gjin namme want dat soe krityk wêze en ek dat is not done yn Fryske kriten.
    Nijsgjirrige fraach: wêrom dit fersideboartsjen om it Frysk hinne? Sil de bringer fan min nijs ophongen wurde?

  5. Johannes jannewaris 14, 11:46

    De kdk Brok fan Fryslân praat in protte Frysk en as sa’n pommerant Frysk praat en sprekt, begjinne oaren ek Frysk te sprekken/praten. Ik wie lêst op in gearkomste en sy praten allegearre Nederlânsk. Der wie ien dy prate Frysk en dêrnei sprutsen alle oanwêzigen Frysk. Dus fan boppe ôf dript it aanst nei ûnderen ta. Ik praat en sprek hjir yn Fryslân altiten Frysk op gearkomsten en dat jout fertuten, oaren begjinne dan ek yn ‘t Frysk.

  6. Mink jannewaris 15, 12:34

    Johannes, jo binne in optimistysk man. Noflik! En fansels helpe alle bytsjes. Mar pommerantenpraat sil net de trochslach jaan. It fynt plak yn in ‘bubble’. Ieuwenlang waard troch de hegerein gjin Frysk praten en dat makke neat út foar sljochtweihinne Friezen. Dy brûkten har taal alle oeren fan’e dei yn femylje, yn doarp, tidens it wurk. Dat lêste fanselssprekkende brûken fan’e taal is no ferbrutsen. Dat jout in faai foarútsjoch dat ûndersocht wurde moat om it begripe te kinnen. En dat wurdt net dien. Men sjongt fan “it falt wol ta en it giet wol goed” en siket nei bewizen foar dat optimisme yn ünnoazelhydsjes.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.