Pier Bergsma: Deaslaan by ferkearde útspraak

maaie 16, 2024 07:44

Grutte Pier, Kimswert, makke troch Anne Woudwyk. Foto Gouwenaar, boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 4.0

It sûchdier minske hat in soad sukses troch syn uterst rike taalfermogen. Dat waard en wurdt net altyd goed en ferstannich brûkt.

It Alde Testamint stiet grôtfol mei moardsuchtige ferhalen. Guon fan dy ferhalen sille wier bard wêze, mar guon ferhalen binne betocht of spannender makke foar lêzers en harkers. Wa wit hiene se itselde doel  as de misdiedsearjes op de telefyzje en thrillers fan no. Bykommend foardiel wie dat dy Bibelske ferhalen it eigen folk yn de stringen holden, want it giet yn de measte skiednissen oer goed en kwea. Benammen om ‘goed‘ foar it eigen folk.

De tsjinstellingen tusken ‘wy’, it eigen folk  en ‘sy’, de oaren binne grut yn it Alde Testamint fan de Bibel. Lykas yn it boek  ‘Rjochters’,  dêr’t moard en deaslach algeduerich yn oan ’e oarder binne. Yn Rjochters 12 “Jefta en de Efraïmiten” giet it om it  konflikt fan de Joaden mei it folk Efraïm.

Nei  de safolste striid naaie de Efraïmiten út nei de Jordaan om de rivier oer te stekken. Se wurde tsjinholden en kontrolearre troch manlju fan it eigen folk dy’t dan fregen: “Binne jo in Efraïmyt? Sei er dan: Nee, dan seine se tsjin him: Sis ris Sjibbólet. Sei er Sibbbólet, en wie er net by machte it goed út te sprekken, dan pakten se him en sloegen him dea, dêr by de oerstekplakken fan de Jordaan. Sa foelen der doedestiids twaenfjirtichtûzen man út Efraïm” (Rjochters 12, 5 – 6)

Se moardzje der yn it Alde Testamint mar op los

Yn dat ferbân wiist Maarten ’t Hart yn Wie god verlaat heeft niets te vrezen (1997) yn it haadstik ‘Zeshonderdduizend doden’ op de “parallel met het heden”. It geweld fan it “uitverkoren volk” is neffens ’t Hart it opfallendst. Se moardzje der yn it Alde Testamint mar op los. Fan beide kanten, sis ik derby yn it ljocht fan 7 oktober fan it ôfrûne jier.

Om werom te kommen op dat sjibbolet: yn Fryslân hiene wy ek sa’n kontrôle. As Grutte Pier yn de sechstjinde iuw ien tsjinkaam dy’t derfan fertocht waard dat er in Hollânske fijân wie, dan moasten se “bûter, brea en griene tsiis” sizze. Wa’t dat net koe, wie net wis fan syn libben.

Yn de Bibel steane gelokkich ek oare ferhalen oer taal en it inoar net ferstean. Ien fan de opfallendste is it ferhaal fan Pinkster “De  hillige geast wurdt útstoart” ( Hannelingen 2). Yn dat ferhaal fersteane minsken oeral wei it boadskip fan de folgelingen fan Jezus yn harren eigen memmetaal.

maaie 16, 2024 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.