Pier Bergsma: Kan het niet gewoon in het Nederlands? 

july 14, 2022 11:10

Skôging

Kan het niet gewoon in het Nederlands? 

‘Nee, dat kin hjir net, want dan wurdt it nea wat mei ús taal. Wy sille stadiger prate en oars komme jo aanst del foar útlis. En net oerdriuwe, wy prate yn Holwert gjin Sineesk…” Dát hie it antwurd wêze moatten.

‘Wêrom ferbrekt de Fries him sa gau?’, freget Hilda Schram har ôf nei oanlieding fan in gearkomste yn Holwert dêr ’t ien frege “…of het ook gewoon in het Nederlands kan.” (LC 11 july). Se fernuveret har deroer dat dêrnei elkenien hiel braaf yn dy oare taal fierder gie. Mei dy fraach fan frou Schram wrakselet de Ried fan de Fryske Beweging al fan it begjin fan syn oprjochting yn 1946 ôf.

Der falt wol wat ferstannichs oer te sizzen. Lit my dêrom begjinne mei in stik fan Pier Boorsma. Yn ‘De slachtofferrol fan de indentiteitspolityk’ (LC 30 juny) komt Boorsma mei it idee om Frysktalige bern ris harkje te litten nei in bantsje mei in Nederlânsktalige en in Frysktalige sprekker. Neffens him soe der ûndersyk dien wurde moatte om syn fermoeden te befêstigjen dat in Nederlanner positiver beoardiele wurde sil as de Fries.

Yn 1990 haw ik mei in pear oaren yn it ramt fan in doktoraal stúdzje oan de RUG sa’n ûndersyk nei taalhâlding by skoalbern dien. Dat wie mei de saneamde mixt-guise technyk. De bern krigen in pear kear deselde tekst te hearen yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Dêrnei moasten se antwurd jaan op de fraach hokker sprekker aardiger, ferstanniger ensfh. wie. Wat se troch de opset fan it ûndersyk net yn ’e gaten hiene, wie dat it om deselde sprekkers gie. En yndied, wat koart troch de bocht: wa’t Frysk prate wie aardiger, mar ek dommer.

Dy útkomst fernuvere ús net. It sil noch sa wêze. Elkenien dy’t him ferdjippet yn taalsosjology wit dat talen net lykweardich binne. In minderheidstaal as it Frysk hat minder status as it Nederlânsk om fan it Ingelsk mar net te praten. Benammen bern binne kwetsber en dat hat effekt op harren selsbyld en op harren taalgebrûk. It jildt net allinne foar bern, want as ik yn Burgum of Hurdegaryp yn de supermerk holpen wurd, bart it mear as ienris dat ik troch in Frysktalige yn it Nederlânsk oansprutsen wurd.

Koart troch de bocht: wa’t Frysk prate,
wie aardiger, mar dommer.

Boorsma hat gelyk as er konstatearret dat der foar it Frysk en de Fryske Beweging noch in soad te dwaan is om ta in folweardiger posysje te kommen. Dêrby helpt it net om de slachtofferrol oan te nimmen. Dat is sa. Hy neamt as foarbyld de positive aksjes fan Greenpeace. It probleem mei dy ferliking is dat de measte minsken, ek Frysktaligen, mear oer it miljeu yn noed sitte as oer it fuortbestean fan harren taal.

Mei alle wurdearring dy’t ik haw foar de aksjes fan SisTsiis, it smiet oant no ta net in soad âlden op dy’t warber wurde foar it Fryske ûnderwiis oan harren bern. Dy aksjes dêr’t ek Boorsma by belutsen wie, hat it idee dat it Frysk te rêden is troch ûnderwiis en Piter Dykstra sit mei ‘De memmetaal is de doar nei de siel’ (LC 4 july) op itselde spoar. Mar it Frysk sil troch it ûnderwiis net rêden wurde, al binne se mei trijetalich ûnderwiis yn ús provinsje op de goede wei. Men soe winskje dat alle skoallen trijetalich waarden. Ingelsk as ‘lingua franca’, Nederlânsk as nasjonale taal en fansels Frysk foar ús eigen twatalige provinsje.

Wol it Frysk de folgjende iuw helje, dan sil der mear barre moatte. Lytse talen as it Frysk sille yn ús globalisearjende wrâld allinne oerlibje troch sichtberens yn alle rûnten fan it deistich libben en troch gebrûkswearde. Wa’t yn Frylân wurkje wol yn soarch, ûnderwiis of iepenbier bestjoer, sil it Frysk behearskje moatte. Dan kriget it de status dy’t it fertsjinnet en is it jild dat no oan ûnderwiis útjûn wurdt net foar in part weismiten. De oerheid hat dêr in grutte ferantwurdlikens by, mar salang’t der Friezen yn Holwert binne dy’t net opkomme foar harren eigen taal, bin ik net gerêst op de takomst.

Hurdegaryp, 11 july 2022

Pier Bergsma wie oant 1 april 2022 foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.

 

july 14, 2022 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.