Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid
Resint ferskynd

In nije Spaanske wet skriuwt foar dat alle strjitten yn it lân in sichtbere Spaanske namme hawwe moatte. De namme yn de streektaal mei der wol by stean, mar dat mei net de iennichste namme wêze. De maatregel laat ta in protte lilkens yn regio’s dy’t net Spaansktalich binne.
Op de Baleäryske eilannen binne fierwei de measte strjitnammen bygelyks yn it Katalaansk skreaun. Dat is de taal dy’t fanâlds op de eilannen praat wurdt. It Spaansk en Katalaansk binne beide offisjele talen fan de eilannegroep. Neffens it Baleäryske regear is it ûnnedich en fierste djoer om alle Katalaanske nammen yn it Spaansk oer te setten en de buorden allegear te ferfangen. De Baleäryske oerheid wol dat in rjochter de nije ferplichting opkeart en ropt oerheden fan oare oarstalige regio’s op om itselde te dwaan.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje