Tydlike ymmigranten soargje foar feringelsking fan Quebec
Resint ferskynd
Hoewol’t it Frânsk de iennichste offisjele taal is fan de Kanadeeske provinsje Quebec, nimt it oanpart minsken dy’t thús Frânsk prate der ôf. De wichtichste oarsaak is de ynstream fan tydlike bewenners, dy’t harren foaral fan it Ingelsk betsjinje.
Fan de ynwenners fan Quebec praat 85,5 persint thús Frânsk, al of net neist in oare taal. Yn 2016 wie dat noch 87,1 persint. De measte net-Frânsktaligen prate thús Ingelsk, de twadde offisjele taal fan Kanada. It oanpart minsken dy’t thús (ek) Ingelsk prate, is sûnt 2016 tanommen fan 12,0 nei 13,0 persint.
De sifers komme út de folkstelling dy’t yn Kanada geregeldwei hâlden wurdt. Neffens taalsosjolooch Jean-Pierre Corbeil van de Laval-universiteit yn Quebec, komt de ferskowing foaral troch in groeiende groep minsken dy’t tusken echte ymmigranten en toeristen yn sitte. Se bliuwe in pear jier, boargerje folle minder yn en leare lang net altyd de taal. It giet bygelyks om minsken dy’t in pear jier yn Quebec studearje of wurkje en dan weromgeane nei har heitelân.
Yn 2016 wie it oanpart fan sokke tydlike ymmigranten op de folsleine groep nijkommers frij lyts: njoggen persint. No binne hja de mearderheid: 64 persint.







In ferliking mei Fryslân leit foar de hân.
Benammen as op de measte skoallen it Frysk gjin folweardich plak krijt sjogge wy dat ek bern út Frysktalige húshâldings op de oare rykstaal oerstappe.
De taalheterogeniteit nim ta en oarstaligen binne lang net altyd ree it Frysk yn de omgong te brûken.
Salang as wy ús ferbrekke, akseptearje wy harren net écht. Jin ferbrekke is winlik hielendal net ‘fetsoenlik’ mar krekt oarsom: jimme hearre net wier by ús.