Spaansk regear sil EU freegje om Katalaansk as offisjele taal te brûken
Resint ferskynd
It Katalaansk is op it stuit in heal-offisjele taal yn de Europeeske Uny. Boargers meie Europeeske ynstânsjes yn it Katalaansk oanskriuwe, mar de taal kin oer it generaal net brûkt wurde yn gearkomsten fan it Europeesk Parlemint. Dat is foarbehâlden oan de 24 wier offisjele talen. It Spaanske regear wol foar it Katalaansk dy status no ek oanfreegje.
Dat dat yn it fet siet, wie bekend. Sa’n status is al lang in winsk fan de Katalaanske oerheid en de spannings tusken Barcelona en Madrid meitsje dat Spanje der belang by hat om de Katalanen, dy’t harsels yn 2017 ûnôfhinklik fan Spanje ferklearren, sûnder dat ien lân op ‘e wrâld dy ôfskieding erkend hat, op ‘e lije side te kommen.
It Katalaansk hat sa’n njoggen miljoen sprekkers. It is de offisjele taal fan Andorra, dat lykwols gjin lid fan de Europeeske Uny is. Fierder is it ien fan de offisjele talen yn de Spaanske regio’s Kataloanië, de Baleäryske eilannen en Falensia. It wurdt ek praat op in part fan it Italiaanske eilân Sardinië. Wat it tal sprekkers en de grutte fan it taalgebiet oanbelanget, is it Katalaansk grutter as guon offisjele EU-talen.
De erkenning as offisjele taal is net de heechste status dy’t in taal yn de Europeeske Uny krije kin. Dy offisjele talen binne talen dy’t boargers brûke meie, dêr’t wetten en ferdraggen yn oerset wurde en dy’t leden fan it Europeesk Parlemint yn gearkomsten brûke meie. De talen Frânsk, Dútsk en Ingelsk binne saneamde wurktalen. Yn in protte ynstituten en gearkomsten fan de Europeeske Uny wurde inkeld dy talen mar brûkt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje