Henk Wolf: Oer de stavering fan it Frysk
Resint ferskynd

Kollum
Jan Breimer en Ed Knotter briefkje op dizze website oer taal en ik mei har stikjes graach lêze. It 24e briefke yn ‘e rige wie fan Ed Knotter. It is in skôging oer stavering en ik tink dat Ed mei rjocht en reden seit dat stavering folle mear is as inkeld in omsetting fan lûden yn letters.
Dat liket miskien in nuver stânpunt foar in taalkundige, mei’t stavering yn it foarste plak krekt dat is: in systeem om wurden oer te bringen oan minsken yn oare tiden en op oare plakken. Se hearre se dan net mei jo stim, mar mei dy fan in foarlêzer om mei in ynbylde stim yn ‘e holle, as se sels lêze. Yn Fryslân leare bern as se in jier as seis binne fan de juf of master hoe’t dat omsetten fan praatsjes nei prigeltsjes wurket, op syn minst foar it Nederlânsk – en op in goede skoalle ek foar it Frysk.
Dêr is it lykwols net mei ôfmakke: stavering is wier mear. Leararen witte dat bern op in stuit net mear allinnich skriuwe troch elke klank neffens it staveringssysteem om te setten nei in letter – en dat se net inkeld lêze troch it systeem omkeard ta te passen en set elk letterteken wer om yn in klank. Wurdbyld wurdt by sokke betûfte lêzers heeltyd wichtiger: se ûnthâlde stikken wurd, wurden of sels hele wurdgroepen, skriuwe se as ien geheel op en lêze se ek yn har hele hear en fear. Dat makket dat elke staveringswiziging, sels as dy it systeem makliker makket, ek slachtoffers hat: dy minsken dy’t al skriuwe koene, moatte in ynsliten systeem ôf- en in nij systeem oanleare en, slimmer, se moatte fan in automatisearre wurdbyldstavering werom nei in muoisum systeem fan klank-nei-tekenstavering, dêr’t se wer by neitinke moatte, lykas bern.
Dat, stavering is wier mear as de ‘klank-tekenkeppeling’, sa’t dat op de learare-opliedingen neamd wurdt. Foar meartalige minsken is it sels noch mear as dat. Dat wurdt gauris oer de kop sjoen. Der wurdt in protte hottefile oer de stavering fan it lûd dat wy mei in hast tichte mûle en tútlippen meitsje: dat wurdt soms as <û> en soms as <oe> skreaun en de skriuwwize yn it Nederlânsk is dêrby yn de measte gefallen beskiedend. Nuver, sa’t Lútsen yn in reaksje ûnder Ed syn brief skriuwt, dat men it systeem fan in oare taal witte moat om Frysk te skriuwen, mar tagelyk ek wer net, want elk dy’t Frysk skriuwt, kin ek Nederlânsk skriuwe.
Om sjen te litten dat stavering mear is as klank-tekenkeppeling skriuwt Ed: “Wy binne deroan wend om yn letters te tinken, ek al hearre wy se net altyd.” Dat jildt foar dyselden dy’t in goed wurdbyld opboud ha. De Sealterfriezen ha sa’n wurdbyld net: yn dy fariant fan it Frysk wurdt hast neat skreaun en ik tink dat alle minsken dy’t it Sealterfrysk wolris skriuwe mei-inoar yn Rink van de Velde syn skriuwersarkje passe. Fansels prommelet dat hantsjefol minsken ek oer stavering, sa giet soks, mar dyselden dy’t skriuwe, dogge dat almeast neffens it systeem sa’t Marron Fort dat yn syn Saterfriesisch Wörterbuch brûkt. Dat is in systeem dat in protte liend hat fan de offisjele staveringen foar it Nederlânsk en Dútsk. Opfallend is lykwols dat stomme letters der amper yn foarkomme: et Nouden is ‘it noarden’, swot is ‘swart’ en Woud is ‘wurd’.
No falt my op dat in protte minsken yn Westerlauwersk Fryslân dy’t amper wurdbyld ha, sokke stomme letters ek net skriuwe: se passe in echte klank-tekenkeppeling ta, sûnder letters te skriuwen foar klanken dy’t ferdwûn binne, en skriuwe saken lykas swat en wuddeboek. Tagelyk sjoch ik by Sealterfriezen dy’t Fort syn systeem net kinne, dat se spontaan swort en Wourdebouk skriuwe. Fansels falt dat op wat ôfwykt, dat ik tink dat beide groepen Frysktaligen de “stomme letters”, dy’t weiwurden klanken werjouwe, ûnsystematysk brûke, troch in kompromis te sykjen tusken wat se sizze en de wurdbylden dy’t se yn de besibbe talen Dútsk en Nederlânsk opboud ha.
Dat lit ek sjen dat stavering wier mear is as inkeld mar it omsetten fan klanken nei tekens. Foar meartalige minsken en yn it bysûnder foar minsken dy’t in minderheitstaal lykas it Frysk skriuwe wolle en de besibbe mearderheidstaal Dútsk of Nederlânsk al skriuwe kinne, is it sels noch folle mear as ien systeem: staveringen fan sokke talen hingje yn de hollen fan sprekkers blykber mei-inoar gear.
Tank, Henk, foar dyn moaie oanfolling op myn briefke oan Jan.
Mfrgr. Ed