Briefkje (115): Grut ferlet fan Fryske les

maaie 14, 2024 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan fjirtjin dagen lyn.

Bêste Ed,

It earste ûnderwerp yn dyn brief fan ferline wike gean ik noch efkes op troch. Dat gie oer dûbeldjerre of dûbelddjerre en oer it feit dat we de kompjûter hieltyd mear brûke by it taallearen en it ûnderwiis yn it algemien.
Ik miende te witten dat it wurd dûbeldjerre (of mei in ekstra d) net bestiet en dat we it oer “in aai mei in dûbel(d)e djerre” hawwe. Mei de kompjûter ûntduts ik lykwols al gau dat Frysker.frl en it WFT it wol neame. It lêste ken it sawol mei ien as mei twa d’s yn ’e midden. It waard my ek dúdlik dat it ek mei figuerlike betsjuttingen brûkt wurdt (in stevich boud persoan en in dogeneat). Op it ynternet komt dubbeldooier wol foar, mar it is yn Van Dale en by Woordenlijst.org (it Groene Boekje) net te finen. By it lêste falt my op dat dubbel mei folle mear wurden gearset wurde kin, as yn it Frysk Hândwurdboek en by Frysker.frl opjûn wurdt. Men kin jin fansels ôffreegje oft it wol doel hat en nim alle mooglike gearsettingen op, mar it grutte foardiel fan in sa folslein mooglike wurdlist en staveringshifker is dat dy yn gefallen fan twivel fêstichheid jouwe. En dêr binne se dochs foar bedoeld?

It is my ek opfallen dat de taalhelp Frysker.frl nochal ris ûnfolslein is, mooglik troch it autonoom wurkjen fan digitale systemen. De gefolgen binne: ûntbrekkende ynformaasje, ûnnedige dûbelfermeldingen en tsjinstridichheden. Dat soks goed bewekke wurde moat, hasto earder alris nei foaren brocht; ik bin it dêrmei iens. De minske kin útfiningen dwaan dy’t er sels de baas net mear is. As digitale systemen, hoe yntelligint ek, mei de taal oan ’e haal geane, dan giet it ferkeard. Dan moat it minsklik ferstân deroan te pas komme! Trouwens, net allinne dan!

Do hast gelyk dat myn suggestje bûlebarriêre (foar de Bubble Barrier by Harns) net ideaal is, omdat dy gebrûk fan it lienwurd barriêre makket. Dat it moaier en better kin waard al troch Jaap Slager ynbrocht: luchtbûleskerm. Om my hoege de wurdboekmakkers fan de LC der net mear oer gear.

Yn it ramt fan it ferskowen fan de útspraak fan lûden yn it Frysk, brochtsto nei foaren dat it mear muoite kostet om lange lûden út te sprekken as twalûden. Dat mei in konstatearring wêze, mar is dy muoite sa grut dat ús moailûdige taal dêrom skeind wurde mei? Wat dat oanbelanget jildt ek wer dat der in grut ferlet is fan kursussen Frysk foar Friezen, krekt foar dy Friezen dy’t miene dat se dêr gjin ferlet fan hawwe. Foarhinne stiene der om distiid fan it jier yn ’e krante lange listen fan minsken dy’t foar alle mooglike Afûk-diploma’s slagge wiene. Om it Frysk te rêden moat it wer dy kant út. Dêrom skriuw ik wer: elkenien op Fryske les, blinder!

Mei freonlike groetnis,

Jan

maaie 14, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. A. Fûksma maaie 15, 08:33

    ‘Foarhinne stiene der om distiid fan it jier yn ’e krante lange listen fan minsken dy’t foar alle mooglike Afûk-diploma’s slagge wiene. Om it Frysk te rêden moat it wer dy kant út.’

    In wier wurd fan Jan. En dus moat de ynhâld fan de A-kursus wer in goed peil krije en moatte de Afûk-kursussen foar B, C, Akte en it Lesjouwersfoech mei har eksamens wer weromkomme, oars komt it wier net goed. Troch wanbelied by de Afûk binne dy weiwurden of opheft.

  2. G. Jin-Ferlet maaie 15, 10:38

    “ Wat dat oanbelanget jildt ek wer dat der in grut ferlet is fan kursussen Frysk foar Friezen, krekt foar dy Friezen dy’t miene dat se dêr gjin ferlet fan hawwe”

    Eefkes los fan it punt fan Fûksma, want dêr bin ik it wol mei iens): Komt dit probleem allinnich troch wanbelied by Afûk (of syn finansiers)? Of ek om’t der gjin ferlet fan is, om oan dizze stúdzje te gean? Want dan moast ek soargje, dat der ferlet fan komt!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.