Doede Wiersma: Bonhoeffer en Iepenbiering

maaie 12, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Fan 5 april 1943 oant 7 febrewaris 1945 siet Dietrich Bonhoeffer yn ’e finzenis fan Tegel, by Berlyn. Earst wie dat net maklik. Mar al gau begûn er teology te studearjen. Hy lies de Bibel twa en in heal kear, en skreau wol twahûndert brieven. Yn dy brieven steane rike tinzen oer nije foarmen fan leauwe en tsjerke-wêzen. Nei de oarloch soene dy brieven mannichien ynspirearje.

Albrecht Dürer, de ingel Michael fjochtsjend mei de draak

Yn de peaskedagen fan 1943 stie ien fan ’e houtfiken oer Iepenbiering fan Albrecht Dürer (1471-1578) yn in Dútske krante. It is de ôfbylding fan ’e ingel Michael dy’t de striid oangiet mei de draak (Iepenbiering 12). Bonhoeffer plakte dy ôfbylding oan ’e muorre fan syn sel.
Uteinlik sil de draak, foar Bonhoeffer wie dat Hitler en syn nazy-ideology, it ferlieze!
Al yn in preek fan 1935 hie Bonhoeffer it oer it ivich evangeelje dat bliuwt en ‘Babylon’ dat falt. ‘Babylon’ wie yn ’e tiid fan Iepenbiering it Romeinske ryk. Wêr is it no?, freget Bonhoeffer. It antwurd is: “Wy sjogge en belibje freeslike dingen. ‘Babylon’ freget fan minsken bline neifolging en wa’t dêr net oan wol, wurdt martele. Mei eangst sjogge dy’t yn Kristus leauwe, nei dy ûntjouwing en se bidde dat der in ein oan komme sil.”
Bonhoeffer preke út de oertsjûging wei dat ‘Babylon’ al fallen is. Mei klam freget er syn harkers om fêst te hâlden oan Kristus, om har fier te hâlden fan ‘Babylon’, om nochteren te bliuwen, om net eangstich te wurden: “Fallen, fallen is Babylon! Wês bliid, gemeente.”
Noch tsien bange jierren soe it duorje, ear’t Hitler en syn ryk ferslein wiene, mar Bonhoeffer libbe al dy tiid mei it fisjoen dat it al bard wie!
Sà(!) hat Johannes syn Iepenbiering bedoeld: as in treastboek foar kristenen yn tiden fan ferfolging en ûnderdrukking. Hy woe se helpe om út te hâlden, om trou te bliuwen oan Gods geboaden en oan Jezus.
“Sillich binne de deaden dy’t yn de Hear stjerre!”

Lêze: Iepenbiering 14:6-12

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

 

maaie 12, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.