Briefkje oer taal (24)
Resint ferskynd
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’ 0
- Ynspiraasjedei oer boargerskip en meartaligens yn it mbû op 11 oktober 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- De Fryske flogger: Strjitpraat Ljouwert XXL 0
- Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen 0
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (23) | It Nijs)
Bêste Jan,
Hoewol’t stavering net it aldernijsgjirrichste fan de taal is, ûntstiet der hieltyd wer strideraasje oer, sels al by in lytse feroaring. Dat giet my faak fierstente fier, want it is neffens my tige nijsgjirrich om nei te tinken oer de staveringsregels (wêrom skriuwe wy sa’t we skriuwe?) sûnder dêr fuortdaliks in wearde-oardiel oan te ferbinen (is it goed of is it ferkeard?). De beoardieling, it sifer, komt pas oan ’e ein by de toetsingsfoarm, it diktee. Mar dat is in spultsje.
De staveringsregels moatte yn ’t foarste plak begryplik wêze, dat se yn it ûnderwiis dúdlik út te lizzen binne. Nettsjinsteande it grutte tal flaters, sjoch mar nei it Grut Frysk Diktee (it lyste tal flaters fan Lútsen Bakker dit jier liket my in útsûndering), is it Fryske staveringssysteem oer it generaal goed oan te learen.
Problematysk is de diversiteit yn regels. Regels op grûn fan de fonology (útspraak) komme jin as earste yn ’t sin. Lettertekens, gauris oanfolle mei in ekstra útspraaktekentsje (kapke, trema ensfh.), jouwe in beskate klank oan, dus soenen wy alle wurden dy’t wy sizze ek opskriuwe kinne moatte. Mar sa ienfâldich leit it der ek wer net hinne. Letters wurde yn ûnderskate wurden net altyd gelyk útsprutsen. Yn ’e útspraak fan sawol it wurd liet as it wurd jild hearre we in t oan ’e ein, mar yn it twadde wurd is de t ferfongen troch in d. Omdat dêr in goede reden foar is, moat der in regel foar formulearre wurde. Ienfâldichwei langer meitsje (dan kinst it hearre).
Dat der somtiden dt skreaun wurdt dêr’t allinnich in t te hearren is (hy wurdt), is fonologysk besjoen fansels ûnsin. Mar sjoen de wetmjittigens fan de tiidwurdsferbûging hat dat wol deeglik sin. Dus alwer in regel derby.
De skriuwwize fan wurden mei brekking is ek sa’n swierrichheid. Dat yn beam de ea oars útsprutsen wurdt as yn beammen liket mar nuver, mar de regels foar dy skriuwwize binne dúdlik út te lizzen. Fierdere details hoech ik net te neamen, want dy binne dy wol bekend. Do neamdest al de oerstallige, stomme letters. Yn swart hear ik gjin r, mar wy hawwe der in sin by om dy letter al te skriuwen (dy is dus net alhiel oerstallich!).
Yn de namme Koarnwert hear ik gjin r, mar hear ik dan wol in n? Sokke letters hearre wy net, mar sitte ús al yn ’e holle en dan tinke we dat we se ek útsprekke. Dy letters, lykas de n yn Koarnwert, sille wy dan net letterlik realisearje, mar se hawwe wiswier ynfloed op de útspraak. Mei de h yn dyn foarbyld hwerom wie it dochs ek sa?
De stomme letter yn sawn, dy’t yn in earder stadium fan dat wurd (sawwen) noch net stom wie, is der yn 1980 úthelle. Mar doe hienen we twa wurden sân. Om etymologyske en semantyske reden hie dy w der wol yn bliuwe mocht, mar ik leau net dat der ien is dy’t him steurt oan mear betsjuttings fan sân.
It staveringssysteem is kompleks mei ferskate regels dy’t faak om de foarrang stride. Mar it ferdjippet ús taalynsjoch wol, want wy binne deroan wend om yn letters te tinken, ek al hearre wy se net altyd. De fraach “hoe skriuwst dat?” dêr’t om betsjutting of funksje fan in wurd mei frege wurdt, seit genôch. Skriuwen mei fonetyske tekens (se steane foaryn it wurdboek) jout net folle, om’t it in transkripsje is (in skriftlike werjefte fan lûd), wylst it by stavering om mear te rêden is, folle mear.
Ik begûn dit brief mei it idee dat stavering mar in bysaak, de bûtenkant fan taal is. Ik besau my deroer dat ik oer it ûnderwerp lykwols mei frijwat tagedienens en opteinens skriuwe kin. Hat dat te krijen mei leafde foar (de) taal? Dat wol my wol oan; taalleafde oppenearret him ek yn skreaune taal en dan bedoel ik net iens allinnich it Frysk, mar taal yn it algemien. Sa soe meartaligens sels op it mêd fan staveringssystemen in ferhelderjende wearde hawwe kinne.
Mei groetnisse fol taalleafde,
Ed
Bêste Ed. It feit dat ik it Grut Frysk Diktee wûn haw dit jier, wol net sizze, dat ik álle Fryske staveringsregels behearskje. De measte haw ik gjin muoite mei. Mar der binne noch frijwat ûnklearrichheden as it giet om de /û/ en de /oe/. Sa’t dy regel no jildt, is er foar in part begryplik (oannimlik), mar foar it oare is er op ‘e gatten nei ticht.
Gjin niget, want ús taal hat mar leafst 43 klanken c.q. lûden (klinkers, de nasalen net meirekkene, lies ik okkerdeis earne) en wy moatte it dwaan mei 6 lettertekens: a e i y o u om dy lûden wer te jaan. By de measte slagget dat aardich. Lykwols net by de /û, oe/.
Wy hawwe winlik fjouwer /û/‘s: in koarte en in lange, beide werjûn mei /û/ en twa twalûden, in delgeande /oe/ en in opgeande /uo/. De lêste is gjin probleem, want dat kinst hearre. De /oe/ kin men trije kanten mei út: koart, lang of delgeand. Mar dêr meist neffens de regels net op ôfgean. Men moat nei de skiednis sjen of nei de skriuwtradysje of nei de Hollânske stavering en net te ferjitten de Frânske stavering.
Bygelyks: tatoeaazje, tatoeëarje, bûzjy, kamûflaazje, taboe, boeket ensfh. Wat is de regel hjirre? Frânske wurden dy’t fia Hollân ús berikt hawwe, krije de ferhollânske stavering, dus mei /oe/. Skriuwt Hollân in /ou/ dan is it by ús /û/. Men moat dus twa oare staveringssystemen yn ‘e holle hawwe om goed Frysk skriuwe te kinnen. Gjin wûnder dat der safolle flaters makke wurde.
Ik soe wolle, dat de /oe/ allinne brûkt wurdt by wurden dy’t in delgeand twalûd hawwe. De oare twa krije dan u-dakje. Dat soe wurde: tatûaazje, tatûearje, bûzjy, kamûflaazje, tabû, bûket, ûnderwiisfûch, stûpe, pûzekoer. Wêrom dreech, as it maklik kin?
Wêrom ál ‘jûtse’ en net ‘jûpe’, dat no ‘joepe’ is. Mar is ‘joepe’ wol oerlevere út it Aldfrysk as *jōpa en ‘pûs’ net? Ik leau der neat fan en dêrby, moat dat no nei 800 jier noch in rol spylje?
Der binne wol mear ûndúdlikheden en tsjinstridichheden, mar faaks letter mear dêroer.
Lútsen Bakker
Tank, Lútsen, foar dyn reaksje.
De regeling oangeande de stavering fan it û-lûd is my earlik sein ek net nei’t sin. It is nuver om in staveringsregel te keppeljen oan de regel(s) dêrfoar yn in oare taal. Mar as it om ferienfâldigjen te rêden is, soe der dochs wat foar te sizzen wêze.
Ik mis yn de hjoeddeistige Fryske stavering ek it ûnderskied tusken ieu- en iuw-lûd en sa binne der wol mear feroarings of ferbetterings te betinken. Mar by staveringsferoaring (ek al is it in evidinte ferienfâldiging) ûntstiet altyd in protte strideraasje en dêrom is it goed om dêr hiel hoeden mei te wêzen.
Ed
Bêste Ed, Jan en Lútsen, it komt op my wat, ja, hoe sil ik it neame oer om no wer it hiele rychje ûndúdlikheden yn de stavering nei te rinnen, nei alle ellinde dy’t wy mei de lêste antydemokratysk trochdreaune feroaringen belibbe hawwe. Wat is dat, in selsskipsspultsje foar in pear hobbyisten? Wannear sille wy no ris ienriedich besykje om it brûken fan it Frysk te befoarderjen ynstee fan alle kearen mar wer besykje oan te toanen dat in fonetyske stavering dochs werklik wêze moatten hie, mar der spitigernôch noait fan kommen is? De taal stiet dead foar de doar en jimme prate deroer oft er wol yn de goede klean stjert.
It poere feit dat hjir alle dagen op dizze webside in Frysktalige krante -de iennige oant no ta- ferskynt (in hûdfol wurk) wiist derop, dat krekt dizze boppeneamde persoanen har bêst dogge om it Frysk te befoarderjen. Stribje nei ferbettering is altyd goed. Hobbyisten neame jo ús, bêst genôch. Dat bin ik, mar de oare twa net. Dy hawwe kennis fan saken. En wy trijen hawwe passy foar taal, benammen foar it Frysk. Passy is leafde! Begripe jo dat?
Mar dêr wol ik net oankomme, Lútsen, en ik ha der ek wol bewûndering foar. Mar jimme heisterjen mei de stavering makket myn libben as ‘literator’ en (hooplik) literatuerbefoarderer neffens my dreger. Ik ha ek gjin nocht om wer yn de staveringsdiskusje fan in pear jier lyn te bedarjen. Minsken leare op wurdbyld, net op logika. Sa sjoch ik der tsjinoan. Soargje dan dat dy wurdbylden yn stân bliuwe, ek as je se net begripe. Dat woe ik mar sizze. Fierder fansels alle lof foar al it goede wurk fan elkenien!
Dat harket gâns positiver Abe! Gjinien wol op ‘e nij bedarje yn in staveringsstriid, wy likemin. Dêrom seit Ed, dat feroaringen hoeden en linkelytsen trochfierd (net trochdreaun) wurde moatte. En heisterje? Wy redendiele allinnich mar. Gjin noed.
Ja, mar dêr gean je alwer…. ik wol hielendal gjin feroaringen… lykas saniis útlein. Je kinne net sizze dat je net wer yn in staveringsstriid bedarje wolle, en tagelyk stikem dochs wer feroaringen trochfiere wolle. Dat is oerdei aardich dwaan oan de foardoar en nachts besykje yn te brekken oan de achterdoar.
Bin ik mei jo iens, it wurdbyld sa min mooglik oantaaste. Mar inkeld dizze û/oe-regel soe ik oars ha wolle. Sa skokkend soe dat net wêze.