Briefkje oer taal (26)

augustus 16, 2022 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch Briefkje oer taal (25) | It Nijs)

Bêste Jan,

dat der ferskil makke wurdt tusken manlike en froulike wurden hat my altyd wat fernuvere. Ja, foar persoanen is dat wol dúdlik, mar fan in hiel soad begripen soe ik net witte oft dy no manlik of froulik binne. Nim bygelyks sinne. Yn ‘De zonne voor wier  stralen het nachtlijk duister zwicht, …’ (yn it liet ‘Nu daagt het in het oosten’), wurdt de sinne as in frou beskôge, mar yn it Frysk Hânwurdboek is û.o. te finen ‘De sinne liket op syn strielen te stean’ (as er tusken de wolkens troch strielet). Sa’t it skynt gjin reden om sinne as in froulik wurd te sjen. Soe der yn it ferline om in lykwichtige ferdieling yn manlike en froulike wurden socht wêze, faaks om’t it yn de natuer ek likernôch sa ferdield is? Of is it ûnbewust sa groeid? It ferskil tusken de- en it-wurden is ek samar wat; wêrom de ko en it hynder? Ik kin der yn alle gefal net in regel foar fine. Dochs liket elkenien him deroan te hâlden.

Dúdlik is wol dat alle ferlytsingswurden it lidwurd it hawwe en yn it Hollânsk het. Fierders binne der tusken dy talen frijwat ferskillen as it om de en it giet. Ik fyn it moai dat yn in reaksje op dyn brief fan ferline wike om in list fan dy ferskillen frege wurdt. Spitigernôch wit ik net it antwurd op Bauke syn fraach. As sa’n list der net is, soe it in moaie opdracht foar (Fryske) taalstudinten wêze om dat ris út te sykjen.

By in it-wurd heart it besitlik foarnamwurd him: it lân en syn bewenners (wy hoege fan lân dus net te witten oft it manlik of froulik is). Sa is it ek it bern op syn fytske, mar as dat bern in famke is, sizze wy dochs har. Oar foarbyld: It ferieningslid hat syn lidmaatskip opsein. As it lykwols in froulik lid is, wurdt it har lidmaatskip. Ik leau dat it Dútsk wat strikter is mei dy taalkundige regel, wylst Friezen mear nei de konkrete situaasje (is it in man of is it in frou) sjogge.

Bisten sil ik altyd as in hy beneame, al wit ik bêst dat dêr ek mantsjes en wyfkes by binne. In hûn of in kat is in hy en sa is it ek mei in skiep of in ko, al binne dy lêste fansels memmebisten. Sa is it hiel gewoan om fan in ko syn jaar te praten en te sizzen dat er in bêst miel molke jout. It falt my op dat húsdieren hieltyd faker mei sy (en har) oanprutsen wurde. Neffens my komt dat net út ’e taal wei, mar is it in gefolch fan it hieltiten mear ompopkjen mei húsdieren. “Och, poeke hat har poatsje sear dien.” It liket suver safier hinne dat sy en har by guon besitters fan selsskipsdieren de foarkar hawwe.

Dat de it-wurden op ’t lêst ferdwine sille, kin ik my no amper foarstelle. Soenen wy it dan oer de boek, de ding, de wurd, of de famke hawwe? It leit (noch) net yn ’e reden, mar ûnmooglik is it net, want sa tocht ik ek dat de tiidwurdsfolchoarder sa djip yn it taalgefoel bewoartele siet, dat dy gewoan net oars koe. Tocht ik, want it liket in kwestje fan tiid (faaks noch ien of twa generaasjes) en it omkearen fan de tiidwurden is ‘normaal’ (‘geef’ is net it passende wurd).

It weiwurden fan it as lidwurd giet wat oars oan foarôf: it ferfangen fan it betreklik foarnamwurd dat troch dy’t. Dat is al in skoft oan ’e gong. Ik hear it yn it Hollânsk (een museum die op maandag geopend is), mar yn it Frysk likegoed: in bedriuw dy’t grou jild fertsjinnet, it boek dy’t ik it lêst lêzen haw, ensfh.
Wy stroffelje dêroer, Jan, wylst taalkundigen miskien sizze sille dat sokke foarbylden signifikant binne foar it taalferoaringsproses. Moatte wy leare om net te stroffeljen?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

augustus 16, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.