Briefkje oer taal (25)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (24) | It Nijs)
Bêste Ed,
Op dyn lêste brief is al reagearre troch Lútsen, Henk Wolf en Abe de Vries. Dêr foegje ik inkeld oan ta dat ús iepentlik neitinken (yn ús lêste brieven) oer aspekten fan de skreaune taal net ferstien wurde moat as stideraasje. Troch deroer nei te tinken en it der mei-inoar oer te hawwen, wurdt fan in protte saken dúdliker wêrom’t se binne sa’t se binne.
Ik snij diskear wat oars oan. Sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk lykje sprekkers en skriuwers it langer net sa nau te nimmen mei de fraach oft in wurd manlik, froulik of ûnsidich is. It lêste foarbyld dêrfan lies ik yn in artikel oer dy frjemde hierrige bistkes dy’t op strannen oanspiele en in ôfgrysliken stankoerlêst jouwe: “een diertje van maximaal een millimeter groot die in kolonies leeft.” Krekt dêrfoar lies ik “Friesland en haar bevolking.” Elkenien wit wol dat it “een dier(tje) dat” heart te wêzen, want dier en diertje binne ûnsidich of, sa’t tsjintwurdich leard wurd, it binne het-woorden.
Dat der yn it twadde foarbyld wat mis is, sil faaks net elkenien fuortdaliks dúdlik wêze. Minsken dy’t har by De Friesland fersekere hawwe, soene tinke kinne dat Friesland in de-wurd is, mar dat is net sa. It is in gearsetting mei ‘land’, dat it is in het-woord en dêr heart ‘zijn’ by. Yn it Frysk is dat krekt sa. Wy kinne sizze: It Fryslân fan no sjocht der oars út as it Fryslân fan foarhinne. As we it foarbyld oersette wurdt it: Fryslân en syn befolking.
Minsken dy’t yn it Frysk grutbrocht binne, witte meastal frij sekuer oft in wurd in de- of in it-wurd is. Nijkommers dy’t Hollânsk prate, kinne it dêr dreger mei hawwe. Dy moatte deroan wenne dat it yn it Frysk ‘it skouder’, ‘it finsterbank’, ‘de bosk’ en ‘de midden en de ein’ is, mar wol ‘it bosk blommen’ en ‘it ein tou’ is. It giet dan om wurden dy’t yn beide talen sawat gelyk binne. Dy kategory is miskien in list fan oan te lizzen, mar dan wurdt foarby gien oan in mannichte begripen dy’t yn beide talen in ferskillend wurd hawwe, bygelyks ‘het gemiddelde’, mar ‘de trochsneed’. Fryskpraters rinne fansels tsjin deselde swierrichheden oan. Dy moatte deroan wenne dat it ‘de vensterbank’ is.
Ynkommers út fiere bûtenlannen dy’t Hollânsk praten leare, skine it hiel dreech te finen om foar it ferstân te krijen hokker wurden het-woorden binne. Dat is te hearren yn radio- en tv-nijsústjoeringen en -praatprogramma’s. Oarspronklike Hollânskpraters nimme sokke flaters oer. Der is al foarsein dat it lidwurd het ferdwine sil.
Der is noch mear oer los te meitsjen, mar dat moat letter mar ris. Ik bin benijd oftsto ek oer sokke saken stroffelest.
Mei freonlike groetnis,
Jan
Is sa’n list fan lidwurden dy’t ferskille fan de Hollânske fariant noch earne online te finen?
Ik soe sels skriuwe: …om foar it ferstân te krijen hokker wurden OFT het-woorden binne.