Tytsjerksteradiel bekroane ta rêstichste gemeente fan Nederlân

july 16, 2022 09:02

Tytsjerksteradiel is de rêstichste gemeente fan Nederlân. Ynwenners hawwe dêr hast net te krijen mei kriminaliteit en lûdsoerlêst fan bygelyks buorlju, auto’s en fleanferkear. Fryslân is bekroane ta rêstichste provinsje fan Nederlân: nearne wurdt – yn trochsneed sjoen – sa’n bytsje oerlêst meld en ûnderfûn as yn ús provinsje. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan FBTO, basearre op data fan de plysje, it CBS, it RIVM en it KNMI.

Skoalstrjitte yn Burgum (foto: Wikimedia Commons/Romke Hoekstra – CC BY-SA 4.0)

Yn it ûndersyk fan FBTO wurde alle 345 Nederlânske gemeenten mei-inoar ferlike op basis fan oerlêstmeldingen en -ûnderfiningen fan 2019 oant en mei 2021. Alle ûndersykswearden wurde dêrnei yn ’e analyze ûnderferdield yn trije ferskate kategoryen: lûdshinder, kriminaliteit, oar oerlêst en de kâns op stoarm.

In protte Fryske gemeenten yn top 10
Njonken Tytsjerksteradiel blykt ek de regio Twinte in gaadlik plak foar minsken dy’t fan rêst hâlde. fan de fjirtjin gemeenten yn dy regio skoare acht it sifer 8 of heger. De Oeriselske gemeente Dinkellân (regio Twinte) en Dalfsen steane mei in 8,7 op in dielde nûmer 2 yn ’e list. Haarlim is 7,2 de rêstichste grutte stêd mei 150.000 of mear ynwenners.

Roosendaal is ûnrêstichste gemeente
Net alle gemeenten skoare like goed yn it ûndersyk. Roosendaal komt út de bus as de minst rêstige gemeente fan Nederlân, mei it einsifer 4,5. Yn Roosendaal wurde relatyf in protte meldingen fan drugs- en drankoerlêst en autorelatearre kriminaliteit dien. Boppedat ûnderfine ynwenners der yn ferhâlding in protte lûdshinder fan treinen.

Njonken Roosendaal binne Amsterdam (einsifer 4,7) en Ouder-Amstel (einsifer 4,9) de minst rêstige gemeenten fan Nederlân. Ynwenners ûnderfine dêr mear oerlêst as op oare plakken yn it lân.

Mear ynformaasje oer wêr’t yn Nederlân de rêstichste gemeenten lizze, is hjir te finen.

 

july 16, 2022 09:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. - july 17, 09:52

    …bekroand ta…

  2. Johannes van Hijum july 21, 21:36

    Ja as jimme al dy strunjagers ( lykals die ex bankdirecteur, foarsitter tennisclub Dokkum)mar hun gong geanlitte en plysje driigje litte de rest fan dyn leven for dy te ferpesten (lykals die Spoelstra UT Burgum) een facebookgroep mar allerhande ungenuanceerde beskuldigingen de wrald ynstjoere litte ( locals dy group Frienden van Bokwert) ja…..ik kin gjin advocate betelje, mar oars.
    .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.