Jan Schokker: Murdejachtfûgel

july 23, 2022 07:26

Kollum

It wie in mystearje. Fan it begjin ôf oan hong der in penetrante, goare stank yn ’e hal fan it hûs yn Nijhoarne dat wy net sa lang lyn kocht hiene. Earst tochten wy dat it kaam trochdat it in hiel skoft net bewenne west hie. De stank wie trouwens net altyd like slim en ûnder de ferbouwing troch bemong de lucht him moai mei de frisse swietrook fan saus, ferve en sitroenryk skjinmakkersguod. Under de flier ûntduts ik wol in ôfknapte ôffier. Ik tocht doe noch dat it euvel wol oplost wêze soe as de rook fan jarre him ta stik- of fynstof fertinje soe, mar nee, it stjonken bleau hingjen en it mystearje allyksa. No moatte technyske problemen altyd op te lossen wêze. Software en de measte masines en technyske riedsels kin ik ornaris aardich trochgrûnje. Soe ik dan sa’n akkefytsje op noashichte blinders net de baas kinne? Yrritaasje op ferstânhichte.

No is it húske ek yn de hal en dan betinkt men al gau dat it probleem dochs dêr oplost wurde moat. In ôfsûger yn de ûntluchtingsbuis brocht foar in grut part ferlossing. It technysk wûnder wurke gear mei de ferljochting en helle in soad bedoarne rook út it hûs. Wy lieten wol hieltyd faker it ljocht brâne, ek nachts.

Op de langste dei fan 2022 makke de frou my midden yn ’e nacht wekker.
‘Hearst it wol? De pannen rattelje deroer!’
Ik wie amper wekker en woe ek net folle wekkerder wêze, want ik dreamde noflik oer hoe’t ik krekt in wichtige priis foar myn lêste literêre masterwurk yn ûntfangst nimme mocht.

It ratteljen fan de dakpannen hie wat fan applaus, mar dat wie it net. Ik yn ûnderbroek en tin nachthimd derút om te besykjen oan de foarkant fan it hûs wat gewaar te wurden. Der wie al wat, want der sprong eat yn it wite sân dat klear lei foar in mei stiennen te befluorjen paad foarhûs. Letter dy nachts hie ik wer applaus en dêr waard sels ik wekker fan. Wat in libben en gerattel! Krekt as sieten der in stel frjemde fûgels of katten efterinoar oan, hiene se spul of wie der eat wat romantyskers. Yn alle gefallen, it libbe der aardich op los.

De moarns nei de langste dei en in ferbrutsen koarte nachtrêst gie ik op ynspeksje út. Sa op it each wie der oan de dakpannen neat te sjen. Dy leine o sa moai teplak en yn ’e rige as in peloton soldaten op it appèl. Mar der wie wol wat oars. Ljochtbrune streken op it ôfdakje boppe de foardoar. Op de ljochtgrize ferve, dy’t ik krekt in pear moanne lyn oanbrocht hie. Jarre. Trep út it hok en by it optillen fan in pear pannen wie it sa dúdlik as wat: dêr siet in nêst fan ien fan de grutste stjonkers dy’t op fjouwer poaten troch Nijhoarne brûze. Murden. Fjouwer pannen breed hiene se strie ûnder de pannen sleept en doe’t ik mear rigels pannen fuort helle, sieten der op mear plakken tsjokke lagen strie. In ûnderkommen dat al jierren yn gebrûk wie, like my. Foar in bettere tagong nei it nêst hiene de tûke doerakken de isolaasje fuortfretten. De lagen strie dy’t ik fuorthelle wiene as kuil trochkrongen mei liters jarre. Gjin wûnder dat it yn ’e hûs bytiden in kertier boppe de wyn stjonkt.

In grut stik dak haw ik ôfdutsen mei fyn pikegaas ûnder de dakpannen, hjir en dêr sels mei dûbele lagen, en alles goed fêstset, want op ynternet liezen wy dat in murd alweroan mei geweld besiket om tagong ta syn ûnderkommen krijen. In karakter, dy murd. Op himsels al in tige bysûnder dier. As wie it inkeld mar ûntwikkele om te stjonken. Ut alle gatten en naden kinne se stjonke en lekke om spoaren út te setten, territoarium oan te jaan, jongen yn ’e buert te hâlden, âlde minsken te narjen.

Dy nacht bleau it rêstich. Gjin represailles. Miskien hawwe de buorlju no lêst fan ús stienmurden. Der steane de lêste tiid oars aardich wat mear huzen te keap, hjir yn Ald- en Nijhoarne. Allegear stjonkende djoer. En dan moat men ek noch in fermogen oan pikegaas útjaan.

july 23, 2022 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.