Doede Wiersma: Seks giet troch it ear

july 24, 2022 07:00

Oertinking

As de sfear goed wie, sei ik op kategisaasje wolris: “Seks giet troch it ear!” Dan wachte ik ôf. Nei wat hinne-en-wer praten kamen de jongelju mei de oplossing: it seksuele is dán earst moai as jonges en famkes goed prate kinne, inoar oanfiele en fersteane.
Troch it Heechliet hinne fiele wy neist de langst ek de huver om de leafde (de leafste) te ferliezen.
It famke dat it oan te sjen is dat se alle dagen yn waar en wyn op ’e tún wurkje moat, tinkt: “Soe er my wol knap genôch fine?” (1:6). Se hat ek lêst fan konkurrinsje, want alle famkes hâlde fan him (1:4). Mar der is nóch wat dat har heech sit. Mei ynmoed warskôget se, oant trije kear ta, de oare fammen, mar se seit it ûnderwilens it meast tsjin harsels: “Ik beswar jimme, fammen fan Jeruzalem, fjurje de leafde net oan en meitsje har net wekker, ear’t se der nocht oan hat” (2:7; 3:5; 8:4).

‘Ik beswar jimme,’ it klinkt om bang fan te wurden. Hja bedoelt, tink ik, gryp net te gau nei it lichaamlike yn in relaasje. Earst moatte partners fertroud mei-inoar wêze. Seks giet troch it ear! Dat betsjut: earst as partners goed mei-inoar prate kinne en doarre te sizzen wat se faninoar ferwachtsje, earst as se har feilich byinoar fiele, inoar yn alles fertrouwe kinne, dan is der romte foar de belibbing fan it seksuele.
It hege tal skiedingen yn ’e earste fiif jier fan houliken, soe wize kinne op in belibbing fan it seksuele foardat it fertrouwen der is.
In frou dy’t yn ’e pleit gie foar seksuele opfieding skreau: “Leafde en egosintrisme slute inoar út. Sûnder belangeleazens is leafde gjin leafde.
Leafde is nau belutsen wêze by en tige noed stean foar de oare, en tagelyk it eigenbelang oan ’e kant sette.”

It spantsje út it Heechliet dat inoars wêzen leafhat, is dêr in poerbêst foarbyld fan.

Lêze: Heechliet 3:1-5

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 24, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.