Boeren oan ’e slach foar bliuwende greide

july 28, 2022 10:34

Boeren yn Fryslân en Oerisel sille yn it ramt fan it projekt Blijvend Grasland oan ’e slach mei it ferduorsumjen fan de bedriuwsfiering. Dat dogge se troch koalstof yn de greiden fêst te lizzen. Bliuwende greide is mearjierrich krûderyk lân dat net ploege, skuord en bespuite wurdt. Troch dat lân net yntinsyf te bewurkjen wurdt der koalstof yn de boaiem opboud. Dy opbou kin yn ’e foarm fan CO2-sertifikaten oan ’e merk brocht wurde.  

It projekt is in inisjatyf fan de Fryske Miljeufederaasje yn gearwurking mei Natuur en Milieu Overijssel, feriening Noardlike Fryske Wâlden en Living Lab Fryslân. It projekt kriget goed € 180.000 SABE-subsydzje fan de Rykstsjinst foar ûndernimmend Nederlân. Boeren dy’t dêroan meidwaan wolle kinne har oanmelde by jpilat@nfw.frl. It projekt sil trije jier rinne. Wat oan ûnderfiningen opdien wurdt, sil foar in breder publyk tagongklik makke wurde.

De boeren dy’t de projektlieding op it each hat binne entûsjaste en aktive ûndernimmers dy’t op in duorsumer boaiembehear en duorsum buorkjen ta wolle. It projekt slút oan op de winsk om foar de melkfeehâlderij de mooglikheden te ûndersykjen fan it yn de boaiem fêstlizzen fan koalstof en wat de metodyk fan Blijvend Grasland dêroan bydrage kin. Dizze ekosysteemtsjinst strykt mei it nije mienskiplik lânboubelied GLB dat yn 2023 ynfierd wurdt.

Janny Postma fan de Fryske miljeufederaasje ljochtet ta dat de ûnôfhinklike autoriteit Stichting de Nationale Koolstofmarkt foar it yn greide fêstlizzen fan koalstof yn 2021 de metoade Blijvend Grasland fêststeld hat. De Stichting is fuortkommen út de Green Deal Nationale Koolstofmarkt en yn 2019 oprjochte. Goedkarde tapassing fan de metoade laat ta it útjaan fan te ferhannneljen C02-sertifikaten.

july 28, 2022 10:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp augustus 4, 15:20

    In nijsgirrich artikel! Ik freegje my ôf: hoe liket it mei de berekkening fan de kosten van skuorjen, ynsiedzje en bespuitsjen tsjinoer de wa wit wol legere opbringst oan proteïne yn it gers, dus oan minder molke. Past dizze oanpak yn de strategy fan de ‘súnige boer’ lykas Jan Douwe van der Ploeg dy beskreaun hat?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.