Hannen oan ’e karre

maaie 13, 2024 17:14

Ofrûne sneon, op de Reuzedei yn Akkrum, siet de tsjerke fol. 150 minsken út de wide omkriten wiene op de lêzing fan eks-waarman Gerrit Hiemstra ôfkommen.

As waarman hat Hiemstra (63) hiel wat jierren de klimaatferoaring folge. Yn syn presintaasje liet er foar elkenien dúdlik sjen dat der de lêste hûndert jier, en benammen yn de lêste fyftich jier, in ûnbidich protte broeikasgassen produsearre is. Dat de ierde dêrtroch opwaarmet is in feit. Wat dat foar gefolgen hat is alle jierren te sjen, yn Nederlân ek en hieltyd slimmer. Hiemstra liet plaatsjes sjen fan strjitten yn Fryslân en de rest fan it lân, dêr’t it wetter oant yn de huzen komt.

Hiemstra ferwachtet net dat de nasjonale polityk mei drastyske útfieringsplannen komt, wylst er wit dat ‘it folk’ dêr wol op wachtet. Hy sjocht de measte krêftdiedigens dan ek yn lokale inisjativen fan enerzjykoöperaasjes sa’t dy ûnder mear yn Terherne, Aldeboarn, Akkrum, Grou en Wergea stal krije. Sels is er behelle by de enerzjykoöperaasje yn Balk. Hy wit dus watfoar krêften dêr spylje. Hy pleitet dan ek foar mear help by inisjativen fan ûnderen op.

Aldergelokst binne der yn Fryslân al mear as santich enerzjykoöperaasjes, dy’t frijwol allegearre in doarp wolle as Reduzum, Dearsum, Wommels of bgl. Tsjom. Allegearre doarpen mei in eigen lukrative  doarpsmûne en soms in eigen sinnepark.

Hiemstra sjocht de grutste útdaging yn it meikrijen fan hiele strjitten en doarpen om mei-inoar te kiezen foar in lokale oanpak. Dat kin wat wurde as it ferhaal goed is en de ûnwissichheden ôfdutsen wurde troch de lokale oerheid.

Aardich hoe’t Hiemstra dêrnei sjen liet watfoar stadiums minsken trochhinne moatte as it op feroarjen oankomt. Guon dy’t de foarstap nimme en de saak oandriuwe (dy’t de karre lûke) en guon dy’t tsjinakselje. Se binne der allegearre. De útdaging sit him yn it inisjatyf fan ûnderen op, it mear stypjen fan boppen ôf en foaral de jongerein folle mear meibeslisse litte. Lit de ‘kar’ mear oan de jongerein oer, mei oare wurden lit harren sels mar kieze.

Bouwe de Boer

maaie 13, 2024 17:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.