Boeren en túnkers lansearje manmachtich publyksaksje

maaie 14, 2024 10:44

Mear as 2500 boeren en túnkers litte sjen wat se foar elkenien dogge

Foto: LTO Noard

Boarne: LTO Noard

Boeren en túnkers lansearje tiisdei in manmachtige publyksaksje. Hja litte dêrmei sjen wat sy foar Nederlân betsjutte. Troch it hiele lân wurde op pleatsen mear as 2500 spandoeken ophongen. Yn Fryslân giet it om 353 spandoeken. Dêr litte boeren en túnkers de produkten op sjen dy’t se foar ús allegearre meitsje. It earste spandoek yn Fryslân wurdt oanbean oan lânboudeputearre Femke Wiersma fan de Provinsje Fryslân.

“Boeren en túnkers belibje ûnwisse tiden. Dat is tige pynlik. Faak litte wy dy pine ek sjen. Diskear kieze wy hiel bewust foar in positive kampanje. It giet net oer de problemen dêr’t wy mei te krijen hawwe, mar we litte no just sjen wat wy nettsjinsteande al dy problemen noch hieltyd foar Nederlân betsjutte. Oft it no om farske molke giet, lekkere patat of sûne ierdbeien. Dat komt allegearre fan boeren en túnkers”, seit LTO-foarsitter Dirk Bruins.

Spandoeken
Der binne yn totaal 2609 spandoeken troch leden en net-leden fan LTO Noard besteld. Op ’e kaart is te sjen wêr’t dy likernôch hingje. Der binne 21 ferskillende spandoeken mei 21 ferskillende jonge boeren en túnkers. Dêrneist binne der ek reklame-uteringen op ferskate plakken yn it lân. Stik foar stik litte de jonge boeren en túnkers sjen hokker produkten der yn ’e lân- en túnbou makke wurde. Ien fan harren is Lieke Kregel, it gesicht fan it spandoek mei farske molke. “Wy binne grutsk op de produkten dy’t der mei tanksij ús binne. Dêrom steane wy ek op ’e spandoeken. Dêrmei sjocht Nederlân de tafoege wearde fan de buorkerijen dêr’t se lâns rinne, fytse of ride”, seit frou Kregel.

Boeren en túnkers oerlangje it earste spandoek oan de provinsje Fryslân (foto: LTO Noard)

maaie 14, 2024 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.