Rob van Essen wint Libris Literatuerpriis 2024

maaie 14, 2024 12:09

Rob van Essen hat de Libris Literatuerpriis 2024 wûn foar syn roman Ik kom hier nog op terug. It is de twadde kear dat er de priis wint; yn 2019 wûn er ek mei syn boek De goede zoon.

Rob van Essen (foto: Wikipedia/Editio – CC BY 3.0)

Van Essen krige de priis moandeitejûn yn it Amsterdamske kultuerhûs Felix Meritis út hannen fan sjueryfoarsitter Kim Putters. De sjuery neamt it boek “fan útsûnderlike kwaliteit” en “de bêste roman dy’t Rob van Essen oant no ta skreau.” “Wy fielden dat dit it boek is dêr’t wy fan wolle soene dat hiel Nederlân en Flaanderen it lêst”, sei Putters. Yn syn tankwurd rjochte Van Essen him ta syn útjouwer Atlas Contact en syn frou, skriuwster Lize Spit. “Myn earste lêzer, myn meilêzer, myn frou: tankewol.” “Wy fiere jûn fiksje”, ferfolge Van Essen. “Bûten dizze doar bart in enoarm soad fiksje, op ’e hiele planeet.” Van Essen sleat syn tankwurd ôf mei in fariaasje op it gedicht ‘Zachte krachten zullen zeker overwinnen’ fan dichteresse Henriëtte Roland Holst.

Ik kom hier nog op terug giet oer in filosofystudint dy’t fia in tiidmasine de mooglikheid kriget om in flater út it ferline te ferbetterjen. “It boek befettet in protte absurde situaasjes, lykas wy fan dizze skriuwer wend binne”, stiet yn it sjueryrapport. “Mar mear as oare kearen stiet alles no perfekt yn ’e stegers.”

De Libris Literatuerpriis is, mei de Boekebon Literatuerpriis, de wichtichste ûnderskieding yn ’e Nederlânsktalige literatuer. Van Essen (60) kriget in jildpriis fan 50.000 euro en in brûnzen lispinning. Hy is de twadde skriuwer dy’t de Libris Literatuerpriis twaris wint. Earder slagge dat Thomas Rosenboom ek al, yn 1995 en 2000. Njonken Van Essen wiene noch fiif skriuwers nominearre: Cobi van Baars (foar har boek De onbedoelden), Sacha Bronwasser (Luister), Esther Gerritsen (Gebied 19), Frank Nellen (De onzichtbaren) en Maud Vanhauwaert (Tosca).

maaie 14, 2024 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.