Riedsleden Waadhoeke winne tradisjoneel keatsen tsjin studinten Albertus Magnus

maaie 14, 2024 10:10

Ofrûne sneon 11 maaie kaam dispút Ianus fan studinteferiening Albertus Magnus út Grins wer nei Frjentsjer ta om tsjin riedsleden fan de gemeente Waadhoeke te keatsen. Dy tradysje giet tsientallen jierren tebek en wie ek yn 2024 op it Riedhúsplein yn it sintrum fan de stêd.

Foto: Joachim de Ruijter

De studinten waarden lykas wenst hertlik wolkom hjitten troch de riedsleden en meiwurkers fan de gemeente. Rillegau dêrnei begûn it waarmdraaien en sette de keatspartij ûnder lieding fan skiedsrjochtersduo Lieuwe en Pieter Brandsma útein. It partoer út Grins kaam dêrby op in ferrassend romme foarsprong en it like derop dat it partoer fan de gemeenteried ôflaat wie. Op itselde stuit as de partij passearre nammentlik de Alvestêde-Oldtimerrally ek Frjentsjer.

Foto: Joachim de Ruijter

Herre Hof, de oanfierder fan de riedsleden, griep dêrom yn en spruts it partoer strang ta en skodde de minsken sa wekker. De wurden holpen en op rûtine en troch oermoedigens fan de studinten waard de keatspartij yn it foardiel fan Waadhoeke beslist. De wikselbeker bleau sa yn Frjentsjer en waard ûnder de neisit yn it stedhûs oan riedslid Marijn Kamerling oerlange. It partoer fan Ianus gie mei in krâns werom nei Grins en oan ’e ein waard it Frysk folksliet songen.

Foto: Joachim de Ruijter

Fol goede moed komme de studinten takom jier yn Frjentsjer werom en wurdt de tradysje fuortset. De poerbêste start fan de keatspartij hoopje se dan yn in oerwinning omsette te kinnen.

Foto: Joachim de Ruijter

maaie 14, 2024 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.