Frysk kuriositeit yn Fries Museum
Resint ferskynd

Taalhifking troch It Nijs

Party Friezen hawwe ‘gjin goed gefoel’ oer it gebrûk fan it Frysk yn it Fries Museum. Lykwols is it Frysk goed sichtber oanwêzich. Dat, wêr sit him no krekt de oast? It Nijs stjoerde der in redakteur mei in fotokamera op ôf en dy mient útfigelearre te hawwen, wat der mis is: Frysk is suver oars net as part fan de kolleksje.
Der is geveltsjefrysk en tegeltsjefrysk, der is in muorrewurdboek en der wurde Fryske gedichten projektearre. De taal is ek te hearren as gedicht en wurdt praat troch minsken dy’t wat fertelle (meast ûndertitele) en de dialektsferskillen binne te beharkjen. Mar it Frysk is hast net brûkt om streekrjocht mei nei de museumbesiker ta te kommunisearjen.
Omtrint alle taljochtings binne allinnich yn it Nederlânsk. Wylst ‘ús museum’ no krekt útsoarte de kâns hie om it toanen fan de kulturele rykdom fan de eigen taal te kombinearjen mei ynformaasje-oerdracht oan de besikers. Lykas bygelyks it Guggenheim yn Bilbao dat docht mei Baskysk, Spaansk en Ingelsk (yn dy folchoarder) njonken elkoar op de museummuorren. It Frysk as museumstik: minsken fan fierren dy’t net better witte, soene samar tinke kinne dat de Friezen harren taal net mear brûke yn it deistich libben. Hielendal as se it Ingelsk net goed behearskje, want yn oare talen wurdt net fersjoen; sels net yn it Dútsk, dochs de taal fan nei alle gedachten de grutste groep bûtenlanners dy’t hjir oer de flier komt.

Nederlânsk breedút op de muorren. It Frysk en it Ingelsk yn herntsjes.
Yn herntsjes hingje fâldbledsjes: ornaris is dat yn museums it plak foar bûtenlanners om harren gerak te krijen wat de ynformaasjefoarsjenning oanbelanget. Yn it Fries Museum lykwols is dêr no just, njonken it Ingelsk, ynformaasje yn de Fryske taal te besetten. Singelier, want hoefolle fan de Friezen – dy’t ommers alhiel gjin problemen ha mei it skreaune Nederlânsk (krekt oarsom) dat breedút op de muorren stiet – nimme de muoite om der sa’n bledsje by te pakken?
Om’t party Friezen minder maklik Frysk lêze as dat se it fersteane, hie yn in mûnlinge rûnlieding yn ûnder oaren de eigen taal moai foarsjoen wurde kinnen mei in audiofoan: ark dat dêr yn in protte museums foar brûkt wurdt. Allyksa yn it Fries Museum, mar no krekt net foar ynformaasje yn it Frysk. Nee, jo kinne allinnich mar ‘kieze’ foar kabaretier Jan Jaap van der Wal op de earen.

Kurieuze dialektferskillen
Jort Kelder praat Nederlânsk en wurdt ûndertitele yn Ingelsk en… Nederlânsk
As keunstutering is der wol plak foar it Frysk
Allinnich yn de Hylper Keamer wurdt de ynformaasje op deselde wize yn it Nederlânsk, Ingelsk én Frysk oanbean.
© Foto’s: It Nijs










Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje