Spesjale ienheid moat tûzenen apen út Taiske stêd jeie

April 5, 2024 08:17

Yn ’e Taiske stêd Lopburi is in spesjale plysje-ienheid oprjochte om tûzenen agressive apen ûnder kontrôle te krijen. Neidat eardere aksjes mislearren, docht de nije metoade, sa’t sein wurdt, folle mear fertuten. Dat berjochtet de Bangkok Post.

Makaken (foto: pixabay.com)

De nije ienheid is sûnt moandei aktyf en tarist mei kattepûlen om de brutale apen fuort te jeien. Earder brûkte de plysje ferdôvingspylkjes foar de makaken, mar om’t dy pas nei fiif minuten wurken, koene de bisten flechtsje of op gebouwen klimme. Al jierrenlang teheisterje tûzenen apen it libben fan de bewenners yn ’e Taiske stêd. Hoewol’t de bisten just earst in toeristyske attraksje wiene, dêr’t de stêd fan profitearre, gie it by de koroanakrisis de ferkearde kant op. De dieren, dy’t sûnt net mear goed fuorre waarden troch de toeristen, waarden agressiver en fernimstiger.

Ynwenners binne sa wanhopich dat terrassen en tunen mei netten en traaljes ôfskerme wurde. “Wy libje yn in koai en de apen libje dêrbûten”, sei ien fan de ynwenners eartiids tsjin The Guardian. In grut opset sterilisaasjeprogramma koe de apepopulaasje ek net tebekkringe. Sterker noch, trochdat de apen har te goed diene oan swiet drinken, moarnsnôt en snobberij, waard harren sekslibben just oanboaze. “Hoe mear as se ite, nammerste mear enerzjy dat se hawwe en dus plantsje se har mear fuort”, seit ien fan de eigeners fan in timpel yn ’e omjouwing.

De nije kattepûlen fan de spesjaal oprjochte ienheid moatte de apen no ferjeie en út de stêd wei krije. De makaken binne in beskerme bistesoarte ûnder de Wildlife Conservation and Protection Act. Neffens in resint ûndersyk libje der sa’n 5700 apen yn ’e provinsje Lopburi.

Besjoch in filmke fan The Guardian op YouTube oer de tûzenen apen yn de stêd Lopburi.

April 5, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.