Tal Fryske wenten mei sinnepanielen yn 2,5 jier tiid mei 81,2% tanommen

maaie 6, 2024 08:14

It tal Fryske wenten mei sinnepanielen op it dak is yn 2,5 jier tiid mei 81,2% tanommen. Yn 2020 gie it om sa’n 67.500 wenten mei in ynstallaasje op it dak, yn it twadde fearnsjier fan 2023 wie dat tal tanommen ta mear as 122.000. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan it CBS.

Foto: pixabay.com

Yn Fryslân binne grutte ferskillen te sjen: op Skylge naam it tal neffens 2020 mei 120,4% ta, wylst Harns stykjen bleau op 47,3%. Yn Weststellingwerf (+119,8%) en op It Amelân (+114,3%) kieze hieltyd mear ynwenners derfoar om sels sinne-enerzjy op te wekjen.

Lokale útsjitters: hjir wenje de grutste leafhawwers fan sinne-enerzjy
Yn ’e provinsje fynt men op 39,6% fan de wenten ynstallaasjes om sinne-enerzjy op te wekjen. Dat persintaazje leit heger as de lanlike trochsneed fan 30,2%. Op gemeentenivo binne der grutte ferskillen. Koprinner is Dantumadiel. Yn dy gemeente hie yn it twadde fearnsjier fan 2023 55,1% fan de wenten sinnepanielen. De provinsjale top fiif fan gemeenten mei de measte ynstallaasjes sjocht der sa út:

  1. Dantumadiel: 55,1% fan de wenten hat sinnepanielen;
  2. Eaststellingwerf: 54,2% fan de wenten hat sinnepanielen;
  3. Weststellingwerf: 54,1% fan de wenten hat sinnepanielen;
  4. Harns: 49,2% fan de wenten hat sinnepanielen;
  5. Tytsjerksteradiel: 47,3% fan de wenten hat sinnepanielen.

Op Skylge lykje ynwenners – nettsjinsteande de tanimming – noch altyd it minst ynteresearre yn sinnepanielen. Mar 30,3% fan de wenten wint sels sinne-enerzjy, it leechste persintaazje fan hiel Fryslân.

“Grutte stêden rinne faak efter om’t der relatyf mear hierwenten binne. Dêr is ek faak in protte heechbou te finen, dêr’t it ynstallearjen fan panielen folle yngewikkelder is. Men moat ek tinke oan de beskerme stedsgesichten, dêr’t net samar sinnepanielen op dakken lein wurde kinne”, seit enerzjy-ekspert Joris Kerkhof.

Op de ûndersyksside binne de sifers fan alle gemeenten yn Nederlân te sjen.

Foto: Unsplash/Mischa Frank

Sinnepanielen yn kombinaasje mei dynamysk kontrakt
Foar wa’t sinnepanielen en in dynamysk kontrakt hat, of deroer tinkt om dat ôf te sluten, is it wichtich om mei twa saken rekken te hâlden. It saldearjen fan opwekke stroom mei it stroomferbrûk wurdt by dynamyske kontrakt ‘direkt’ dien yn stee fan oer in hiel kalinderjier. By de oare kontrakten kin de yn ’e simmer opwekke stroom ferrekkene wurde mei it ferbrûk yn ’e winter. By dynamyske kontrakten wurket it dus oars.

Wa’t mear stroom opwekket as ferbrûkt, kriget dêr in weromleverfergoeding foar. By dynamyske kontrakten is dy weromleverfergoeding gelyk oan it keale leveringstaryf dat leveransiers op ’e beurs betelje. Op in sinneskyndei kin dat keale leveringstaryf 0 of negatyf wêze, sadat men bybetelje moat as men stroom weromleveret. Dêrom binne der ûnderwilens dynamyske leveransiers dy’t apps biede om omfoarmers op sinneskyn oeren út te setten. It foardiel fan in dynamysk kontrakt is ek dat men der fuortdaliks fan profitearret as de priis op ’e merk sakket.

Oer it ûndersyk
It ûndersyk is basearre op it tal wenten en it tal wenten mei sinnepanielen lykas rapportearre troch it CBS. Dêrby is nei de perioade tusken 31 desimber 2020 en 30 juny 2023 sjoen. Gemeenten dy’t opgien binne yn in nije gemeente, binne byinoar opteld. Foar de eardere gemeente Haaren (NB) is útgien fan it tal wenten yn de ferskate plakken mei in evenredige ferdieling fan de sinnepanielen.

maaie 6, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.