Pier Bergsma: Ferset tsjin it Frysk

maaie 2, 2024 08:00

Minsken mei in normaal ferstân kinne de Fryske taal nei ferrin fan tiid ferstean en prate. Ferset tsjin it brûken fan it Frysk komt meastentiids del op ûnwilligens of ûnferstân.

Skôging

Stasjon Hurdegaryp (foto Pier Bergsma)

Ljouwert of Leeuwarden, Bergum of Burgum, somtiden, nei de emoasjes te oardieljen, liket it ferskil te meitsjen oft men yn de gemeente ‘De Friese Meren’ of ‘De Fryske Marren’ wennet. Ik wenje al jierren mei grutte tefredenheid yn Hurdegaryp. Eartiids wat minder tefreden yn Hardegarijp. Under de enerzjike lieding fan de doetiidske gemeenteried is op 23 oktober 1986 besletten om de oarspronklike Fryske nammen yn de hiele gemeente yn te fieren. Wethâlder Gosse Terpstra makke der freonen en fijannen mei. Undertusken is de plaknamme Hurdegaryp gewoan wurden en stiet fanselssprekkend ek as namme op it stasjon.

Wat guon minsken har net realisearje is dat meartaligens wrâldwiid hiel gewoan is

Sa hiene wy yn ús doarp destiids de hear Staal, dy’t nea ophold mei it leechlizzen fan it Frysk yn ynstjoerde artikels yn de Leeuwarder Courant. Hy wie net de iennige. Der wiene ek lanlike reaksjes. Ik tink oan in brief yn de ANWB Kampioen fan in stel dat nei dy nammeferoaring ûnderweis wie nei âldereinsoarchhûs ‘Nieuw Toutenburg’ yn Noardburgum, in tehûs foar minsken mei deminsje, mar it doarp net fine koene. Se sochten Noordbergum. Ik sil net werhelje wat ik der thús oer sein haw, want men mei net de spot driuwe mei dy pasjinten en harren neiteam.

Wat guon minsken har net realisearje is dat meartaligens wrâldwiid hiel gewoan is. It hinget derfan ôf yn hokker mjitte de mearderheid mei de minderheid rekken hâlde kin en moat. De iene taal bringt jin fierder as de oare. De Frânsen dogge harren bêst om it Frânsk te eksportearjen, mar se ferlieze de striid mei it Ingelsk.

Yn Fryslân hawwe 300.000 minsken it Frysk as memmetaal. Dy taal is grut genôch om te oerlibjen en brûkt te wurden. Boppedat is de taal besibbe oan it Nederlânsk. Minsken mei in normaal ferstân kinne de Fryske taal nei ferrin fan tiid ferstean en prate.

Ferset tsjin it Frysk komt meastentiids del op ûnwilligens of ûnferstân. De trijetalige basisskoallen yn ús provinsje hawwe it goed begrepen. Fansels brûke se harren eigen Fryske taal en Nederlânsk, en Ingelsk foar it bûtenlân. Mei dy lêste taal kin men de wide wrâld yn. Mar der falt mear oer te sizzen. Oare kear fierder.

maaie 2, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân maaie 2, 09:58

    https://lc.nl/friesland/TomTom-haalt-Geitenum-van-de-kaart-29016867.html

    In wike nei ús kleien by TomTom, ANWB en Michelin, hat TomTom de measte flaters wer in Nederlânske namme jûn, de offisjele Frysktalige nammen litte noch efkes op harren wachtsje.

    Dat der by dy rûteplanner de lêste jierren treitere of miskien wol diskriminearre waard wie de wurkgroep dúdlik, mar dat guon safier as yn it krantestik gean soene? Wy hiene de lêste sân jier al net mear oan ‘it deade hynder’ lutsen, mar dat J-wurd gie ús no krekt te fier.

  2. H. Oftstra maaie 3, 08:36

    Soe: ‘It hinget derfan ôf yn hokker mjitte [yn hoefier’t] OFT de mearderheid mei de minderheid rekken hâlde kin en moat’ dochs net better wêze?

  3. Liuwe van der Meer maaie 6, 22:03

    Ik sit op it stuit yn Edinburgh, der wurdt gjin wurd Gaelic praten, mar sjochtst it Gealic op allerhande plakken, ûnder oaren yn it Parlemintsgebou. Yn’e Highlands seachst oeral twatalige opskriften, mar ek dêr wurdt op’e measte plakken Ingelsk praten. Men respektearret yn elts gefal de minderheidstaal troch him op buorden en paadwizers te brûken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.