Janna’s fotoferhaaltsjes (13)

maaie 3, 2024 08:00

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Anna trijerisom (foto Janna van der Meer)

Wêrom sjochst sa faak froulju yn it ferset tsjin Poetin?

De fraach wurdt steld oan Anastasia Sjevtsjenko. Sy is in Russyske politika en fertelt oer har ûnderfiningen yn finzenskip, op in jûn fan Amnesty International. Ik sit yn it publyk.

Froulju hawwe sa’n wichtich oandiel yn it ferset tsjin Poetin omdat se fiele, beweart Anastasia, mear as Russyske manlju dat dogge. Se litte mear emoasje ta. En as it gefoel streamt, seit se, ûntstiet der fansels empaty foar oare minsken, foar oarstinkers bygelyks en Oekraïners.

Sysels makke freeslike dingen mei, mar stiet noch altyd krêftich yn it libben. Krêftich yn ‘e sin fan: waarm, aardich, enerzjyk, fleksibel en meilibjend.

De wrâld wie yn de greep fan #MeToo doe’t de oarloch mei Oekraïne útbruts. Guon seine doe, dat it no mar ris út wêze moast mei it feministyske geseur. Wa maalt der om seksuele yntimidaasje as der bommen falle?

Dochs hat it ien mei it oar te krijen. Poetin presintearret himsels as in stoere superman: bikkelhurd. In soad manlju stribje nei dat ideaal. It is in resept foar oarloch en ellinde.

Nee, dan Anastasia. Ik fyn har in ynspirearjend foarbyld. Foar elkenien!

maaie 3, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.