Pier Bergsma: It is no heech tiid foar nije ferhalen

april 11, 2024 08:00

Skôging

Sint-Margryttsjerke Boksum (mei tastimming oernommen út De Moanne)

De tsjerken rinne leech, mar it ferhaal oer it lijen en stjerren fan Jezus is in sukses. Sa lûke The Passion en alle ‘passys’ in soad minsken dy’t de Bibel amper kenne en net mear ta de tradisjonele leauwigen hearre.

Nettsjinsteande it paradysferhaal hat it noait oars west: wy libje yn in skeinde en ûnfolsleine wrâld en dat sil sa bliuwe. Yn 2000 lansearre de Nederlânske wittenskipper Paul Crutzen in nij geologysk konsept, it ‘antroposeen’. Neffens him is de minske troch technologyske ûntwikkeling in krêft wurden fan geologyske proporsje.
Yn it Bibelboek Genesis hjit God de minsken dat se har fermannichfâldigje. Dat diene en dogge se mei grut entûsjasme

Yn termen fan evolúsje is de minske in suksesfol sûchdier. De measte sûchdieren witte har oan te passen oan harren omjouwing. De ôfrûne tsientûzen jier hawwe minsken de omjouwing oanpast oan harsels. Wy meie wol sizze, te entûsjast. Wy waarden boeren yn stee fan jager-samlers. Wy krigen eigendom en bouden stêden en doarpen. Om de sosjale struktuer fan ‘e groep te fersterkjen, fûnen wy goaden út. Se hâlde ús yn ‘e gaten, ek as der gjin oaren binne om dat te dwaan.

Underwilens binne al dy minsken yn dit ‘antroposeen’ in ramp wurden foar de wrâld, te ferlykjen mei in swerm sprinkhoannen dy’t alles opfrette en neat oerlitte foar oare foarmen fan libben. Wy skeine de wrâld. Spitigernôch sil God net yngripe om de ienfâldige reden dat in literêr figuer dat net kin. Wy sille sels ferantwurdlikens nimme moatte foar it libben op ús planeet. Letterlike ynterpretaasjes fan skriften liede ta neat. Krektoarsom. Se binne noch net it begjin fan in oplossing foar de problemen dêr’t wy yn 2024 foar stean.

Yn ’e sechstiger jierren ûntstie in nije dissipline yn de literatuerwittenskip, resepsje-estetika. Dy wittenskip ûndersiket hoe’t in keunstwurk of in tekst troch de beskôger of lêzer ûntfongen wurdt. Neffens dy opfetting hat literatuer gjin ivige wearde. Dat jildt foar in grut part foar de Bibel, dy’t net troch God jûn is of troch Him ynspirearre is, mar út literatuer bestiet, fan A oant Z. Dêrom moat de stúdzje teology ûnder algemiene literatuerwittenskip ûnderbrocht wurde.

Religy is foar in soad minsken in driuwende krêft, ek as boarne fan moreel gedrach. Wittenskip kin net sûnder etyk, mar dêrfoar hawwe jo gjin teksten út de Bibel nedich. Krekt oarsom: it is net de religy dy’t de moraal leveret. It is de moraal dy’t religy yn ’e gaten hâlde moat. Dat giet yn it kristendom hieltyd better. Oare godstsjinsten, lykas de islam en it joadedom, hawwe noch in lange wei te gean.

It soe dêrom nijsgjirrich wêze om te ûndersykjen hoe’t en wêrom’t de Bibel yn ús diel fan ‘e wrâld it gesach ferlern hat en om te ûndersykjen hokker leauwigen de Bibel, de Koran en de Toara as it ûnfeilbere wurd fan God beskôgje en wêrom. Ek dat is in útdaging foar literêr wittenskiplik ûndersyk.

Hoe moat it fierder? Is der noch in takomst foar it eartiids sa rike en ynspirearjende kristendom? Us rike midsiuwske katedralen wisten it wol. It giet net allinnich om it wurd, der moat wat te sjen en te belibjen wêze.

Yn dy tradysje is hjir en dêr in tsjerke ta timpel wurden fan keunst, literatuer en toaniel, dêr’t filmmakkers, telefyzjemakkers, skriuwers en keunstners útnûge wurde. De Teätertsjerke yn Nes (NEF) is der in moai foarbyld fan. De Stifting Alde Fryske Tsjerken besiket op beskieden skaal mear gebouwen sa’n nije funksje te jaan. Ik haw der sels neat mei, mar it sukses fan The Passion past goed yn sa’n nij ferhaal.

Dizze bydrage is in bewurking en in part fan in essay dat ferline jier op de webside fan De Moanne stie. Hy waard op Goedfreed 29 maart fan dit jier publisearre op de opinyside fan de Leeuwarder Courant.

Neiskrift
Op it essay yn De Moanne fan ferline jier kamen amper reaksjes. Dy kamen der wol op de bydrage yn de LC. Sa kaam Jan Bruin út Warkum mei in reaksje yn de LC fan sneon 6 april mei as kop ‘Nieuw verhaal’. Hy is it dúdlik net mei my iens. Spitigernôch giet er net op de kearn fan myn stik yn, nammentlik dat wy ferlet hawwe fan nije ferhalen. De Bibelske ferhalen blike net genôch minsken mear te lûken, sjoen it leechrinnen fan de tsjerken. Hy pleitet derfoar, wol mei in fraachteken, om God en de teology in plak te jaan “om als mysterie, als niet-wetenschappelijk, als niet-algemeen menselijk, ergens op een eigen plek bewaard te blijven”. Dêr is fansels neat op tsjin, mar it giet foarby oan wat ik skriuw.

Yn it ramt fan de The Passion, wat foar my de oanlieding wie om it stik oan de LC oan te bieden haw ik twivele om der in stikje oan ta te heakjen. Peaske is foar my as kristlik feest minstens sa wichtich as it krystfeest. It giet ommers om in nij begjin as alles ferlern liket. Dat sille ek net-leauwigen ûnderskriuwe kinne.

Dit wie de lêste ôflevering fan de rige skôgingen oer it leechrinnen fan de tsjerken.

De foto fan de tsjerke fan Boksum is mei tastimming oernommen fan De Moanne.

april 11, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ferdinand de Jong april 14, 17:35

    Goede skôging, Bergsma, dy’t nije ynsjoggen jout: fiedsel foar de geast.
    Faaks moate wy weromsjen nei de tiid foardat dy easterske goadetsjinst optwongen waard en leare ús ferhalen út de fernuvering oer de oanskogging fan de wûnders fan de libbene en net-libbene natuer te heljen.

  2. H. Oftstra april 15, 08:04

    Om de sosjale struktuer fan ‘e groep te fersterkjen, fûnen wy goaden út. Se hâlde ús yn ‘e gaten –> apostroffen noch oanpasse (in 9-foarm, gjin 6-foarm); … hokker leauwigen OFT de Bibel …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.