Jan Bosgraaf: Jildfergriemerij

april 20, 2024 08:00

Kollum

Wy hawwe yn ús lân de hannen fol oan de opfang fan asylsikers. Fan minsken út oare lannen dy’t om ûnderskate redenen op ’e siik binne nei in feiliger en better plak. It regear is der bytiden op ’e dea ferlegen mei. Op 1 april gie it, de flechtlingen út Oekraïne net meirekkene, om goed njoggenensechstichtûzen minsken. Fan harren wie 27% as flechtling erkend en dêrmei statushâlder wurden. Dy meie in oplieding folgje en wurkje. De gemeenten moatte foar húsfêsting soargje. De oare 73% stiet te boek as asylsiker. Fia it oanmeldsintrum yn Ter Apel binne se oer sa’n trijehûndert opfanglokaasjes oer ús lân ferspraat. Sa’n twahûndert dêrfan binne needopfanglokaasjes dy’t noch net oan de kwaliteits- en foarsjenningenstandert fan it COA foldogge. Dan soe men sizze dat it regear of it COA prikken yn it wurk set om soks yn oarder te meitsjen, mar yn stee dêrfan wurdt de iene nei de oare needopfang sletten en ferfongen troch in nije lokaasje earne oars.

Sa wurdt der dizze moanne yn ’e iene gemeente in needopfanglokaasje sletten en goed fyftich kilometer fierder yn in oare gemeente in nije lokaasje delset. Dy gemeente hat sels net folle grûn, mar in goedgeunstige boer woe de gemeente wol skewiele mei it beskikber stellen fan lân. Dat mar gau de skeppe yn ’e grûn. Mar och heden, rillegau kaam oan it ljocht dat der in gaslieding ûnder it lân leit. Dan freget Jan mei de pet him fansels wol ôf hoe’t soks kin. Foar de gewoane man jilde alderhande prosedueres ear’t er earne in fergunning foar kriget. Mar hoe sit it eins mei in gemeente? Hat dy net mei deselde prosedueres te krijen? Hawar, dy boer wie de beroerdste net en in pear stikken lân fierderop koe it oangean. Dat it dêr folslein ûntbruts oan ynfrastruktuer wie gjin probleem. Der kamen sechstich frachtweinen mei pún foar it meitsjen fan in ferhurde ûndergrûn. Dêrmei is it lân fansels folslein nei de barbysjes, mar der stiet, nei’t men hoopje en oannimme mei, foar de boer wol in knappe skeafergoeding foaroer.

No falt it yn ’e oanrin nei it festivalseizoen net ta om oan de nedige tinten te kommen, mar op de ien of oare wize slagge de gemeente of it COA der dochs yn. De flierbedekking waard, fyftich kilometer fierderop, út de sletten needopfang helle. It meubilêr, dat troch in tsjerke beskikber steld wie, waard ek meiferhuze. De steapelbêden lykwols net, want dy wiene fan it Reade Krús. Yn de nije lokaasje komme COA-bêden. Soene de minsken dêr better op sliepe kinne? Meiwurkers fan it COA krigen help fan tweintich meiwurkers fan de gemeente, want alles moast halje-trawalje yn oarder brocht wurde. Op snein waard der sels trochwurke. Foar de bern fan asylsikers waarden krûperkes byinoar fandele.

boarne pixabay

Alle jûnen wer om acht oere hinne wurde asylsikers mei bussen nei de needopfang brocht. Foar harren stiet in waarm miel ree, dat troch in restaurant yn ’e buert fersoarge wurdt. It sprekt foar himsels dat de flechtlingen bliid en tankber binne foar in waarm miel en in (tinte)dak boppe de holle. De oare moarns wurde se wer mei bussen nei it AZC yn Ter Apel brocht. It is net de bedoeling dat se nochris nei deselde lokaasje komme, mar nei in oar opfangsintrum geane. Dat betsjut ek dat alle moarnen de lekkens en sliepsekken ôfhelle en nei in waskerij brocht wurde. Want jûns komme der wer bussen mei oare asylsikers. As bûtensteander freget men jin ôf, wat sok hinne en wer tôgjen fan minsken foar doel hat. It wurdt lykwols noch ûnbegrypliker as sa’n nije needopfanglokaasje foar twa (!) moanne troch de gemeente beskikber steld wurdt. Dêrnei mei in oare gemeente it stokje oernimme en begjint it hiele sirkus wer fan foaren ôf oan. Is soks gjin nuver belied? It is yn elk gefal kleare jildfergriemerij.

april 20, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Fridunanth april 20, 17:19

    Nee, Bosgraaf, dit hjit yn it hollansk in ‘business model’

  2. Kornelis van der Beek april 20, 17:55

    Jawis, jildfergriemerij!
    Twifelje oan it ferstân fan minsken, dy’t soks betinke, dat soe in bettere kop wêze.
    No skamje ik my foar ditsoarte fan gastfrijens!

  3. Doeke Kuipers april 21, 11:10

    Wy sjonge fan “it bêste Lân fan ierde”, dat is no oeral bekend wurden………! Wa wol der net hinne…….??

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.