It keallet noch altyd swier mei it Frysk yn de rjochtseal

april 11, 2024 08:23

Skôging troch Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot (eigen foto)

Op 8 april dit jier wie ik oanwêzich by in sitting fan de ekonomyske plysjerjochter yn de rjochtbank yn Ljouwert. Myn kliïnt waard fertocht fan it ferkeard brûken fan klemmen yn it fjild. Hy is rottefanger en neffens it Iepenbier Ministearje soe er mei klemmen besocht hawwe om stienmurden te fangen. In stienmurd is in beskerme bist. Dêrneist soe er mei in klem in berchein fongen hawwe.

Myn kliïnt ûntkent. Hy seit dat er – just as profesjoneel rottefanger – de regels altyd goed neilibbet en rotten fangt mei in fangkast. Dat is in kast mei in gat deryn. Yn de kast sit in klem. Op dy wize kinne stienmurden en bercheinen net by de klem komme. Neffens de kliïnt kin it net oars as dat in oar de klem út de kast helle hat en earne yn it fjild lein hat. In prinsipiële saak dus. In feroardieling hat grutte gefolgen foar de kliïnt.

Mar ear’t it oan de ynhâld fan de saak takaam, wie der wer gedoch oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal. Kliïnt hie my al earder oanjûn Frysk prate te wollen. Hoewol’t it in rjocht en gjin geunst is, hie ik as abbekaat de rjochtbank in wike foar de sitting witte litten dat kliïnt Frysk prate soe. Wy wiene der dus beide klear foar.

Mar daliks oan it begjin fan de sitting die bliken dat de offisier fan justysje it Frysk net machtich wie. De rjochter lei kliïnt it dilemma foar. Yn de praktyk komt dat derop del dat by de fertochte de kar dellein wurdt om a. Frysk te praten mei as gefolch dat de sitting dage wurdt en de saak pas letter behannele wurde kin of b. troch te gean, mar dan yn de Nederlânske taal.

Ik haw mei de kliïnt bûten de rjochtseal oerlis hân. Wy beide wiene lilk omdat de fertochte kieze moast. Myn kliïnt makke dúdlik dat it om feiten fan trije jier lyn gie en dat er no wolris dúdlikens woe. Hy hat der om dy reden foar keazen om him te ferbrekken en yn it Nederlânsk troch te gean. De memmetaal is dus yn de rjochtseal net mear brûkt.

It is wer in foarbyld dat it mei it wetlik rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal yn de praktyk soms swier keallet. Ik haw al faker warskôge dat skaalfergrutting by de rjochtspraak in bedriging foar it Frysk is. De rjochtbank yn Ljouwert is yn 2013 fusearre mei de rjochtbanken yn Grins en Assen. Dêrtroch binne der ek rjochters fan bûten Fryslân yn Ljouwert aktyf. Datselde jildt foar it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert. En it Iepenbier Ministearje hat syn sit net mear yn Ljouwert mar yn Grins. Boppedat komme offisieren fan justysje yn ekonomyske saken – lykas de kwestje fan de rottefanger – út Swol wei.

It betsjut dat net alle profesjonele prosesdielnimmers it Frysk machtich binne. Dat makket dat – lykas yn it foarbyld hjirboppe – it wetlik rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal it karakter fan in poppesûger hat: op papier is it goed regele, mar yn de praktyk rint it faaks oars.

Myn oplossing is en bliuwt: soargje as rjochtbank/-hôf en IM dat op sittingslokaasjes yn Fryslân allinnich mar profesjonals wurksum binne dy’t it Frysk – aktyf of passyf – behearskje. Dat moat in hurde funksje-eask wêze. Dat is it no net. De saak fan dizze wike jout oan dat de praktyk net oanslút by de wet. En omdat it al faker misgien is, moat dizze eask miskien dan mar yn de wet opnommen wurde. Wy binne der dus noch net.

Tjalling van der Goot is abbekaat yn Ljouwert.
april 11, 2024 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.