Bouwe de Boer: Manifest
Resint ferskynd
Kollum
Mani is in Hindoestaanske jongesnamme dy’t juwiel betsjut. Dêr moast ik oan tinke doe’t ik it manifest lies dat opsteld is troch hûndert Fryske jongelju dy’t har as GF2035 feriene hawwe. Harren manifest is in proklamaasje fan alve aksjepunten om Fryslân as ‘Bêste lân fan ierde’ te behâlden. It is in juwiel fan in manifest!

foto GF2035
GF2035 (‘Generatie Fryslân 2035’) sit yn noed oer de takomst fan Fryslân. De leden wolle út harren yndividuele rollen wei ta in positive beweging komme. It giet om de ûndersteande punten:
- Wy wolle sels goedkeap, lokaal en duorsum enerzjy winne
- Us iten wolle we lokaal ferbouwe en ferkeapje
- Wy wurkje mei skjinne lucht en wetter en op in sûne boaiem
- Wy soargje dat Fryslân syn eigen natuer weromkriget
- Wy binne in soad bûtendoar en bewege in protte
- Wy feroarsaakje gjin ôffal; alles wat we dogge is sirkulêr
- Wy ynvestearje mear yn sûnens as yn sykte
- Wy soargje foarinoar en binne troch generaasjes hinne oaninoar ferbûn
- It ûnderwiis is op maatskiplike útdagingen rjochte
- Elkenien docht mei: wurkje as dat kin, oars is der opfang en stimulâns
- Der binne duorsume ferbiningen yn Nederlân, mei Europa en de rest fan de wrâld.
It is yn Nederlân unyk dat jongelju har op dy skaal ferienje en mei-inoar in katalysator wêze wolle foar in better Fryslân. Dat Friezen it lokkichste folkje fan Nederlân binne, dat sil sa bliuwe, as it fan harren ôfhinget.
Dat soksoarte fan krêften aloan tanimme, is te sjen by Fryske politisy en al hielendal yn Fryske doarpen: Wergea Bloeit, Akkrum Bloeit, Grou Bloeit, Wâldsein Bloeit, Eastermar Bloeit en Berltsum Bloeit; it binne foarbylden fan doarpen dêr’t se yn it grut mei-inoar gearwurkje op tema’s dy’t by it manifest fan GF2035 passe. Dat is in juwiel fan in ûntwikkeling!
Sjoch hjir foar ynformaasje oer GF2035.
Dit is nûmer 87 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje