Binne Mosk: Hynsteblom of hûs

april 18, 2024 08:00

Mei de bêste bedoelingen nimt de polityk betiden ûntrochtochte wetten oan dy’t yn de praktyk foar grutte problemen soargje. Maklik is it net om foar lykwicht op dat mêd te soargjen. Sa sketste Bert Marseille op woansdeitejûn 3 april by de ‘Academie van Franeker’ yn ‘Als recht en politiek botsen’ in pear dilemma’s.

Op 9 april waard yn de Twadde Keamer de ‘Integrale wet suïcide preventie’ besprutsen en oannommen. Foaropsteld, selsdeading is en bliuwt yn in soad gefallen ferskriklik en it seit himsels dat mienskip en oerheid besykje moatte om soks tefoaren te kommen. Dochs haw ik twivels by dizze goed bedoelde wet, dêr’t gemeenten ek in nije soarchplicht by krije.
In foarbyld. Betsjut it bygelyks dat myn frou yn de takomst de gemeente Tytsjerksteradiel oankleie kin as ik by Hurdegaryp foar de trein spring? Want: “Der hie op dat plak in stek stean moatten!” Wa wit hat de Earste Keamer deselde beswieren dy’t ik sjoch en giet de wet net troch.

Yn 2013 publisearre Paul Frissen De fatale staat. Over de politiek noodzakelijke verzoening met tragiek. Yn dat boek freget er him ôf werom’t wy net libje kinne mei fûnemintele tekoartkommingen fan it minsklik bestean. It is net mooglik om alle tsjinslach, lijen en risiko’s út te bannen. Hy is fan betinken dat de besteande politike oarder te hege ferwachtingen skept fan de mooglikheden fan de oerheid, mei frustraasjes en ûnbegryp as gefolch.

Oan dizze nije inisjatyfwet en dat boek moast ik tinke nei de lêzing fan Bert Marseille yn Frjentsjer. Marseille is heechlearaar bestjoerskunde en rjocht yn Grins en syn lêzing hie as titel ‘Als recht en politiek botsen’.  Dat wie yn in searje oer polityk en rjocht.

Nei yn grutte halen útlis jûn te hawwen oer hoe’t rjochtbanken wurkje op it mêd fan bestjoer kaam de kearn fan syn lêzing oan bar.  

De oerheid kin net alle problemen oplosse
en moat dat dus ek net wolle.

Utspraken fan rjochters hawwe somtiden direkte konsekwinsjes foar it belied dat de oerheid fiere moat. In foarbyld dêr’t Marseille mei kaam is it Urgenda-arrest fan 2015 dêr’t de rjochter yn bepaalde dat de oerheid derfoar soarchje moat dat de útstjit fan broeikasgas ein 2020 mei op syn minst 25 persint fermindere is yn ferliking mei 1990. Giet de rjochter mei sokke útspraken net te folle op de stoel de polityk sitten? It is net maklik om der in slutend antwurd op te jaan, mar dat der op dit mêd problemen ûntstean, dat mei dúdlik wêze.

Der wiene sa’n fjirtich minsken, skat ik. Nei ôfrin fan de nijsgjirrige lêzing koe it publyk fragen stellen en yn diskusje gean. Dêr kamen ûnder oaren de ‘minskerjochten’ by oan bar. Nei healwei tsienen koene se der oan de oare kant de dyk yn kafee De Doelen fierder oer prate.

Ik koe it net litte om dêr in pear dielnimmers oan te sprekken op harren oertsjûging dat dy Urgenda-útspraak in foarbyld fan wie fan it ‘recht op leven en op een ongestoord gezinsleven’, want dat wie nammentlik ien fan de arguminten dy’t de rjochtbank brûkte yn dat arrest.

Grif is elkenien it dermei iens dat de minskerjochten beskerming fertsjinje. Neffens my is it in betsjuttingsleaze útspraak, lykas elkenien graach oeral frede wol en moai waar en lange dagen. It giet derom hoe’t der yn de praktyk hannen en fuotten oan jûn wurde. Yn dit gefal betsjut dy rjochterlike Urgenda-útspraak dat de minskerjochten op koarte termyn skeind wurde, want der mei op in soad plakken dêr’t it om de romte wol kin, dochs net boud wurde fanwegen de stikstofútstjit. Fan dat ‘ongestoorde gezinsleven’ sil troch dy wetlike útspraak foar tal fan jonge minsken neat telâne komme.

Sa kom ik werom op Paul Frissen en syn ‘fatale staat’. De steat en wetjouwer wolle te folle. Ut en troch wurde troch de polityk wetten oannommen dy’t by neier ynsjen ta ûnwinsklike útkomsten liede. De wetjouwer moat net troch emoasjes en goede bedoelingen laat wurde en wach wêze op ûnbedoelde effekten. It giet altyd om ôfwaging fan belangen. Men kin yn ús  lytse lân net tagelyk foldwaan oan de eask fan de ‘minskerjochten’ om in wrâldwide klimaatramp tefoaren te kommen en dêrneist temjitte komme oan dat oare ‘minskerjocht’ op in betelber hûs. Om mar te swijen oer alle oare problemen dy’t wy hawwe mei in oerbelêst spoar en deistige files.

Hynsteblommen moatte bliuwe, mar it soe moai wêze as se sjoen wurde kinne troch it rút fan in nijbouwente mei romte om ’e doar. Beide tagelyk sil net slagje.

april 18, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nanne Hoekstra april 26, 08:56

    Binne Mosk ferslacht hjir wat yn alle problematyk. De rjochter hâldt de oerheid allinnich mar oan it eigen belied. Dat dy him de ferkearde stoel taeigenje soe, is demagogy. En de Urgenda-útspraak, dy’t meihelpt it wenjen yn lege geaen as Fryslân skielk hooplik noch mooglik te meitsjen, gie net oer stikstof. Dat binne oare rjochtsaken. Dat de rjochter no in skoatteltsje strykt foar huzebou komt troch desennia lang wanbelied op it mêd fan stikstof dêr’t no fierstente let besocht wurdt noch regaad yn te hâlden. Mar dat wurdt yngeand tsjinwurke troch yntusken in grut ferskaat oan populistyske politike partijen dy’t kiezers sabeare oplossingen belove.

  2. Fridunanth april 26, 16:39

    Wat spitich no dat de rjochter de oerheid net oan it belied foar it Frysk hâldt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.