Arjan Hut: Wês net bang

april 15, 2024 11:28

Foto: AH. De muorreskildering yn de hal fan Beyers Naudé, pleatst yn 1947.

Hjoed is it Fryske befrijingsdei.

Yn de hal fan Beyers Naudé yn Ljouwert sammelje de earsteklassers har yn de hal by it oarlochsmonumint. In muorreskildering. Underoan de skildering fan in ingel dy’t in soldaat fuorttriuwt, steane de nammen fan fyftjin âld-learlingen dy’t ûnder de besetting omkommen binne. 

Op de skildering stiet ek in tekst, yn it Gryksk. It is in tekst út de Bibel, Iepenbiering fan Johannes 2, fers 10. ‘Wês net benaud foar it lijen dat dy te wachtsjen stiet. Bliuw trou oan ’e dea ta, dan sil ik dy de oerwinningskrânse fan it libben jaan.”  

Yn de oanrin nei de betinking hjoed, ha we mei de bern in pear lessen oan it dichtsjen west. Dat barde ûnder de lessen Frysk by dosint Jelte Pinkster. 

Wy keazen ‘wês net benaud’ as tema en binne sa oan ’e slach gien. Elkenien yn syn eigen wurden, eigen taal, leafst, en besykje net allegearre itselde te skriuwen. Net rymje, sis ik, dat makket gedichten net better. En asto dan dochs rymje wolst, dan is de kombinaasje ‘oarloch foarby, we binne frij, elkenien is blij’ ferbean. Hâld it ienfâldich. Lês it ris lûdop, rint it goed?

Yn in hiel soad klassen yn Fryslân sitte bern dy’t flechtsje moasten út Syrië of de Oekraïne. Dochs is it dreech foar learlingen om har wat foar te stellen by de besetting en hoe’t it wie doe’t de Kanadezen de provinsje ynrieden. Feest, yn in stikkene wrâld en fertriet om de minsken dy’t net weromkomme. Hope, en tagelyk wantrouwen. Gefoelens fan wraak, mar ek: sa net wer.

Fjouwer learlingen lêze by de betinking harren gedicht foar. It is wat ûnwennich, der klinkt applaus, mar dat hoegde dochs net? Menear Pinkster lêst de nammen fan de fyftjin âld-learlingen op dy’t omkamen. Foar elk wurdt in kears oanstutsen. Under de minút stilte hearre we lûden út oare lokalen, slaande doarren op in oare ferdjipping. 

Ta einbeslút hingje alle learlingen harren gedichten op by it monumint. By bevo ha se der kaarten fan makke. De swart-wite printen mei de wurden dernjonken sjogge der stylfol en tiidleas út. Ien fan de gedichten is fan Tooske. Sy hat har tekst by de betinking foardroegen. Yn har eigen wurden, ienfâldich, en yn it Frysk.

Net bang

Wês net bang
We binne tegearre

Wês net bang
We binne der om mekoar te helpen

Wês net bang
It giet wol wer foarby

Wês net bang
Do bist by my

(Tooske, 1a, Beyers Naudé).

april 15, 2024 11:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Veenstra maaie 14, 20:17

    Betinking

    Myn holle is dizze dagen swier fan tinken oer wat minsken dizze dagen sa al fiele
    Myn hannen binne boun op myn rêg
    Wol no wol raze, wat ik fiel is sûnder grinzen
    Myn hannen kinne net slaen, se binne boun

    Myn Memme-earm is no lam slein
    Wol minsken wol hoedzje
    Sûnder te witten wat ik no nog kin
    Sûnder dat slag ik gatten yn’e loft

    Barde foar myn tiid
    Tjalling, fochten op’e Grebbeberg
    Arbeider op ús pleats
    Song syn liet ûnder it melken

    Kin foar my sjen syn fûle antlit
    Dútsers ferslein en al, hja lutsen oer de Rykswei by Burgerheide, skeaten op syn liif Dizze kear joeg hy him te gau bleat

    Kin der no nog wol befrijïng fierd wurde
    Omke Siemen, ik sjoch syn foto,
    Hy joeg him te betiid bleat op’e sédyk by Kimswerd
    Dizze mannen binne sneuvele, memmen en bern stiene mei lege hannen.

    Wat wolle wy no betinke
    Wat falt der dan dizze dagen nog te fieren
    Ien helte fan ús famylje mei hynder en wein nei Kimswerd
    Ien helte nei it Hôf yn Feanwâlden

    Ús hea komt nog jierren troch alle triennen net mear droeg yn it gol
    Alle wurden fan ‘dit nea wer’, nea ferjitte
    Lit my net leitsje, wy negeare nog dageliks alle striid dy gewoane minsken de dea ynjaget

    Nommel, 4 maeie Ljouwert

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.