Undersyk: Tal WOZ-beswieren yn Fryslân mear as ferdûbele

maart 18, 2024 08:14

Hieltyd mear Friezen binne it net mei de WOZ-wearde fan harren wenning iens. Ferline jier waard troch goed 16.000 húseigeners beswier oantekene. Dat is twa kear safolle as yn 2022 (+106,5%). In fikse groei, mar minder as de lanlike stiging fan 154,2%. Inkeld yn Seelân wie it ferskil mei ferline jier minder grut. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan de Wurdearringskeamer.

Ofbylding: pixabay.com

“De gemeenten brûke de WOZ foar de ûnrepliksaakbelesting, ek wol bekend as de OZB. Soms wurdt dy wearde ek foar de rioelheffing brûkt. By in te heech rûsde wearde kin men dus in ûnnedich soad gemeentebelesting betelje. De belestingtsjinst brûkt de WOZ-wearde foar de ynkomstebelesting, it saneamde eigenwenningforfait. As men mei de WOZ-wearde net iens is, dan kin men noch seis wike nei de beskikking fergees beswier meitsje”, fertelt Marga Lankreijer-Kos, ekspert hypoteken by Independer.

Romme ferfjouwerfâldiging yn Harns
Yn Fryslân binne der grutte ferskillen tusken gemeenten. Yn Harns is it tal WOZ-beswieren sels mear as ferfjouwerfâldige (+355%). Yn njoggen oare gemeenten, dêrûnder It Hearrenfean, Weststellingwerf en Ljouwert, wie der op syn minst in ferdûbeling. Op Flylân waarden just minder beswieren yntsjinne as in jier earder (-7%) en is ien fan de twa Nederlânske gemeenten dêr’t yn 2023 minder WOZ-beswieren yntsjinne waarden. De oare gemeente is it Oeriselske Wierden (-23%).

Skylge en Skiermûntseach koprinners beswier meitsjen
Yn gjin inkelde Fryske gemeente wurdt sa faak in WOZ-beswier yntsjinne as op Skylge. Foar 10,1% fan de wenten is dêr yn 2023 beswier oantekene. Op Skiermûntseach giet it om 9,1%. Dy persintaazjes lizze in stik heger as de provinsjale trochsneed fan 5,4%.

De fiif Fryske gemeenten dêr’t it faakst beswier oantekene wurdt, binne:

  1. Skylge: foar 10,1% fan de wenten;
  2. Skiermûntseach: foar 9,1% fan de wenten;
  3. Dantumadiel: foar 8,1% fan de wenten;
  4. It Amelân: foar 7,6% fan de wenten;
  5. Eaststellingwerf: foar 6,9% fan de wenten.

Alle sifers oer it tal beswieren en de uterste beswiertermyn de gemeente, binne op de ûndersyksside te finen.

Metodology
Foar it ûndersyk is nei de gegevens by de Wurdearringskeamer sjoen. Om ta de provinsjale sifers te kommen is sjoen nei it totaal tal wenten yn ’e provinsje en nei it tal wenten dêr’t yn de ferskillende gemeenten beswier foar oantekene is. Foar it kategorisearjen fan de ûnreplikgoedbelesting is fan de data fan COELO gebrûk makke.

maart 18, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.