Pier Bergsma: Pas op mei ‘hillige’ teksten

maart 21, 2024 08:00

Skôging

Ik kom werom op de ôflevering fan de foarige kear. Doe gie it oer dat aparte ferhaal dêr’t God oan Abraham freget om syn eigen soan dea te stekken. Sels yn Beetstersweach luts in protestantske teolooch nei syn lêzing oer dat tema net de wichtichste konklúzje, nammentlik dat wy ús yn West-Europa net mear liede litte troch in godlik befel, mar troch wetten fan minsken. Utsein dielen fan de ortodoksy fan de islam, it kristendom en it joadedom hawwe wy de fertikale dissiplinearring ferlitten, de goaden binne net mear de baas. De swakke ferklearring fan dat ferhaal, dat God gjin minske-offers freget, strookt net mei de Bibel. Sa wurdt bygelyks Jefta oan syn dwaze ûntrochtochte belofte holden om syn dochter te offerjen, en yn it boek Exodus wurde alle earstbernen, sels fan it fee, deade by de úttocht. En dan, de eigen Soan fan God moat stjerre: ‘Hy (Jezus) is it dy’t troch syn dea fersoenet foar ús sûnden, en net allinnich foar ús, mar foar de sûnden fan ‘e hiele wrâld.’ (1 Johannes 2:1,2).

De bining fan Izaäk is in gefaarlik ferhaal.
Ommers, de letterlike ynterpretaasje fan hillige teksten is
krekt wat guon fûnemintalisten driuwt yn harren misdieden.

It sûchdier minske kin blykber net libje mei de gedachte dat in soad op ús planeet ôfhinget fan needlot en tafal en dat it libben gjin sin of doel hat. De wiere leauwigen binne derfan oertsjûge dat God in doel hat foar dizze ierde. It liet ‘Stil maar, wacht maar, alles wordt nieuw, de hemel en de aarde’ sjongt dat der in ivige dei komt sûnder fertriet en dea.

Gelukkige Jehova’s. It takomstige paradys (boarne: Wat leert de Bijbel echt, side 35)

Mei it each op de úttocht fan de tsjerken wurdt dy wissichheid yn ús lân net breed mear dield, útsein yn sekten lyk as de Jehova’s Tsjûgen. Yn harren ryk yllustrearre boekje, Wat leert de Bijbel werkelijk, brûke se bibelsitaten om út te lizzen dat it net folle langer duorje sil dat God grutte feroaringen op ierde ta stân bringt. Lykas: ‘De lamme sil springe as herten, de mûle fan ’e stomme sil roppe’ (Jesaja 35:6) en ‘Hy (God) sil alle triennen út har eagen feie. Der sil gjin dea mear wêze, gjin rou, gjin kleisang, gjin pine, want wat earder wie is foarby.’ (Iepenbiering 21:4). It is foar dizze sekteleden fan wêzentlik belang om har oan it Bibelske boadskip te hâlden; dat mei it each op it libben nei de dea. Se skriuwe: ‘Fansels wolle wy net stjerre. Mar as wy besykje om ús hjoeddeistige libben te rêden troch Gods wet te brekken, riskearje wy it ivige libben te ferliezen.’

Wêr’t dat efterlike en bernige leauwen ta liede kin, wurdt beskreaun troch Ian Mc.Ewan yn syn The children Act út 2014, fjouwer jier letter oangripend ferfilme mei Emma Thompson. De achttjinjierrige Adam Henry stjert om’t er as Jehova’s tsjûge in bloedtransfúzje wegeret.

Spitigernôch is in part fan it minskdom, benammen yn de islamityske wrâld, derfan oertsjûge dat de wetten dy’t minsken betocht hawwe, ûnderhearrich wêze moatte oan de wetten fan God. Dy minsken realisearje har net dat dy ‘godlike’ wetten sûnder útsûndering fan minsklik komôf binne. Dan binne der by dizze leauwigen ek noch fan dy healwizen dy’t Allah, Jaweh, God helpe wolle, bygelyks troch te besykjen in skriuwer as Salman Rushie dea te stekken.

Hjir de trailer fan ‘De kinderwet’.

maart 21, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric maart 21, 10:11

    Lit ús sjen hoe’t it in lânfergiet dat eksplisyt ateïtysk bestjoerd wurdt: de Sovjet-Uny ûnder Stalin, Sina ûnder Mao. Dan hat kristlik Europa it gewoan goed dien.

  2. Sybren maart 21, 19:10

    Bêste Eric, ik tink jo misse de planke hjir. Ja lannen as de eardere Sovjet-Uny, Sina en Noard-Koreä hawwe in “ateïstysk regear”, mar dat dy lannen wurde ek bestjoerd neffens in ideology, itjinge op himsels ek in religy beskôge wurde kin, mei in kultus om persoanen lykas Stalin, Mao en de Kim-clan yn Noard-Koreä hinne. Dat “kristlik Europa” it goed docht is dat der yn de measte lannen in skieding tusken tsjerke en steat bestiet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.