Jan Bosgraaf: Gjin mem mear

maart 16, 2024 08:00

Kollum

As ik moarns betiid de krante út ’e bus krij, bin ik fuortdaliks klear wekker. Op de foarside stiet mei grutte letters, dat it kabinet ’moeder’ út it wetboek skrasse wol. Wat sille we no wer belibje? Is der sa njonkelytsen neat mear bestân tsjin de stoarm fan feroaringen en oanpassingen dy’t al jierren oer ús hinne raast? It skynt, dat neat mear by it ‘âlde’ bliuwe kin. Net dat it ‘âlde’ allegearre better is, mar der is wier noch genôch goeds oan. Mar bedriigje de driuwende krêften dy’t dy stoarm aloan oanwakkerje, de memmen no ek al yn harren fuortbestean? It moat net mâler! Neffens de wetsoanpassing soe tenei op de berte-akte gjin ‘mem’ mear stean, mar ‘âlder út wa’t it bern berne is’. Juridysk sil der wol gjin spjelde tusken te krijen wêze, want sûnt 2022 is it yn útsûnderingsgefallen al mooglik. Bygelyks as immen dy’t wol de biologyske geslachtsskaaimerken fan in frou hat, mar juridysk as man registrearre stiet, in bern kriget. Mar wat sizze al dy wurden mear as it iene wurd ‘mem’? Neat! En dan ek hielendal neat. Alle minsken begripe wat der yn ’e kearn mei ‘mem’ bedoeld wurdt. ‘Mem’ is in begryp op himsels. ‘Mem’ hat in emoasjonele lading, dy’t net goed yn wurden te fetsjen is. It sit yn ús genen. En ‘mem’ no skrasse út it wetboek? Hokker loftfytser betinkt soks?

Nei’t ik fan de earste skrik bekommen wie, tocht ik oan alles wat dan neist de berte-akte noch mear net kin en oanpast wurde moat. Wat moat Jaap Louwes dan mei ‘De memmen by it stek’, of Strawelte mei ‘De mem fan Doutzen’? En Rients Gratama syn konferense oer ‘Mem, wit mem ek wêr’t memme kaaike fan memme fyts is, mem? Of wit mem it net, mem?’, kin ek by it âld papier. Skoallen hawwe tenei gjin helpmemmen mear, mar helpâlden út wa’t in bern berne is. Der kin tenei net mear mei de mem frijd wurde om de dochter te krijen. Mem wurde, heart ek ta it ferline en in bern is net langer ‘memme pop’. Mar wat seit de ‘âlder út wa’t it bern berne is’ dan wol tsjin har (of kin dat dan ek net mear?) lytse poppe? Sa gie myn negative fantasy folsein mei my op ’e rin.

Memme pop (boarne pixabay.com)

Mar doe’t ik fierder lies, seach ik, dat in skrandere meiwurker fan de SGP-fraksje dizze oanpassing, dy’t yn in saneamde ‘verzamelwet’ ûnderbrocht (of mei opsetsin ferburgen?) wie, opmurken hie en in keamerlid fan dy partij dêr in debat mei de minister oer oanfrege hie. Dat hie om my no ek wer net hoegd, want der wurdt tsjintwurdich foar elk skytwysjewasje in keamerdebat oanfrege, mar dat der in warskôgjende finger opstutsen waard, koe op himsels gjin kwea. Dat bliek ek wol, mar dat it der op (a)sosjale media sa bot om wei gie, wie ek wer slim oerdreaun. It hie lykwols wol ta gefolch dat de ferantwurdlike minister fuortdaliks witte liet, dat der in ûnnedige flater makke wie en it nea de bedoeling wie om ‘mem’ út it wetboek te skrassen. “It wurdt ‘mem’ is prachtich en fertsjinnet in plak yn ús wet. En no wer oan it wurk!”, wie syn reaksje op X. Men sil mar minister wêze en, as in yn eigen eagen foarútstribjende amtner temûk wat yn in wet oanpast, alle rotsoai en skellerij fan X en oare netwurksiden oer jin hinne krije. Ik kin my yntinke, dat dy minister sa’n amtner ris goed op it harspit nimt. Mar dêr sille we yn de krante nea wat oer lêze.

maart 16, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.