Goffe Jensma: Waling Dykstra en it sprutsen en skreaune Frysk (2)

maart 22, 2024 08:00

Twadde part fan de lêzing, holden op 16 maart 2024 yn Nijefeen. Klik hjir foar it earste part.

Goffe Jensma oan it wurd. Foto KFBoU, Sjoerdtsje Bijkerk

Ik wol myn ferhaal oer it Frysk, de Fryske skiednis en de Fryske beweging no wat persoanliker meitsje en myn eigen famylje op it toaniel helje.

Us beppe Ytsje kaam fan Top-en-Twel, in twillingdoarp yn de omkriten fan Snits. It wie fanâlds in agraryske streek, mar hie ek, troch de silerij en it reedriden, al betiid wat toeristyske trekjes. Beppe libbe fan 1890 oant 1971. As boeredochter wie se troud mei de soan fan in ferver. Dat ûngelikense houlik hat har in soad ellinde en argewaasje opsmiten. En yn de krisis, mei al syn wurkleazens en in hûs fol mei bern, wie it in skraabjen om ’e kant. Dat beppe besocht om oeral in grypstehealstoer by te fertsjinjen. Ek mei de ferkeap fan poeiermolke en oare saken oan reedriders en silers. Mar as se dan dy frjemde silers yn har bêste Hollânsk frege: ‘Wilt u misschien een glaasje poedermelk?’, hearde se te faak: ‘Wat zeg je, vrouw’? O, u bedoelt zeker chocolademelk! En dan laken en gniisden se spotsk, dy Hollanners. Us beppe liet dat net gewurde: ‘Ik ferpof it om tsjin dat folk langer Hollânsk te praten’. En se ferbriek har dêrnei net mear.

Sa wie it. It Hollânsk sloech foar master op. Letterlik, de Hollanner fielde him mear as in Fries. Of miskien kin ik it better oarsom sizze: de Fries fielde him gauris wat minder as de Hollanner en yn it ûnderling ferkear koene se wat mear gefoel foar eigenwearde dan ek wol goed brûke.

De Fryske beweging – dêr’t jimme as Bûn om Utens en as Meppelske krite beide diel fan útmeitsje – is ek sa begûn, sa’t ik earder al sei. As in striid om eigenwearde, en in stribjen om yn dat gruttere Nederlânske ferbân in lykweardich en in noflik plak op te easkjen foar syn eigen kulturele identiteit. Wy wolle ússels bliuwe. It leit ek hiel bot yn ’e reden dat de Fryske beweging krekt yn it Boun om Utens en syn foargongers sa’n belangrike pylder hie. Ommers, de Friezen om utens ferkearden algeduerich en alle dagen yn – wat wy no neame – in twatalige kontekst. Migraasje út de provinsje Fryslân wei joech kânsen op wurk en op in rommer bestean as dat yn Fryslân mooglik wie, mar rôp yn de stêd of it doarp fan bestimming bytiden ek in gefoel fan ferfrjemding en ûnfeiligens op. Friezen om utens sochten in noflik plak om harsels wêze te kinnen. Dat ferklearret dat je fan omtrint 1900 ôf oan oeral yn Nederlân Fryske kriten oantroffen en noch hieltyd oantreffe, sij it hjoed-de-dei troch de digitalisearring en de globalisearring folle minder as earder.

Dy striid om lykweardigens wie folle earder al begûn by de Fryske hegerein. Dy hiene nei it ta stân kommen fan it Keninkryk Nederlân fan dy lykweardigens ek it measte profyt te ferwachtsjen, omdat se as politisy it faakst yn kontakt stiene mei de bestjoerders yn De Haach en as ûndernimmers mei de keaplju yn bygelyks Amsterdam of Rotterdam. Om dat gefoel fan lykweardich te wêzen ta stân te bringen, setten de Friezen, sa’t ik ek earder al sei, taal en kultuer yn as belangrykste ynstrumint. It Frysk Genoatskip fan 1827 wie harren ynstrumint dêrta. Dêr sieten de hege hearen en dy holden har dêr dwaande mei Fryske skiednis, taal en taalkunde en wat net al. It Genoatskip joech ek as earste in Frysktalich tydskrift út, al yn de jierren 1830. Soms wurde dy hege hearen bûten de Fryske beweging skreaun, mar my liket dat alhiel net terjochte.

As wy datselde idee – dat stribjen nei lykweardigens – tapasse op Waling Dykstra (dy’t net ta de hegerein hearde, mar in hiel gewoane bakkerssoan wie), dan is de belangrykste sin dêr’t wy syn rol en syn belang foar de Friezen en foar it Frysk mei typearje kinne: Hy hat de Friezen it skriuwen fan har eigen taal leard. Yn dy sin skûlet in djippere wierheid as dat je yn it foarbygean tinke soene. Krekt yn dat proses fan it oersetten fan sprektaal yn skriuwtaal is it Frysk de taal wurden, dy’t wy der hjoed-de-dei noch altyd mei wurkje en dy’t oaren yn Nederlân en yn Europa ek erkenne as taal (en net as dialekt). Yn it skriuwen fan literatuer, mar ek fan saaklike en offisjele stikken komt foar it each fan de eigen Fryske mienskip, mar ek foar de rest fan Nederlân de skjintme, it eigene mar ek de krêft fan it Frysk út. It Frysk is in kultuertaal. Der is net in oare provinsje yn Nederlân dêr’t je samar yn it iepenbier in lêzing hâlde kinne yn de provinsjale taal. Dat is in fertsjinst benammen fan de twadde helte fan de njoggentjinde en de earste helte fan de tweintichste iuw.

It is net allinnich dat Waling Dykstra dêr mei oan mandélich west hat, dat omsetten fan sprektaal nei skriuwtaal mar ek hoe’t er dat die. Dát er it besocht, dêr wie Waling ek net sa unyk yn. Der wiene folle mear minsken yn de Fryske beweging dy’t har foar it Frysk skriuwen bot ynsetten.

Bygelyks syn foarbyld en direkte foargonger Joast Halbertsma – in skriuwer fan in generaasje earder – fûn dat, om it Frysk te behâlden, om foar te wêzen dat it ferdwine soe, it nedich wie om al dy âlde Fryske wurden dy’t men inkeldris nochris hearde, dat dy wurden by de ‘manteltippen’ krigen wurde moasten om se op te skriuwen. Foardat se yn de mist fan de skiednis wei reitsje soene. Ut de koker fan de Halbertsma’s rûgelen sadwaande net allinnich literêre teksten (de Rimen en Teltsjes) mar ek gelearde stúdzjes en benammen in grut wurdboek, dat letter troch Waling Dykstra ôfmakke is. Ik wit noch goed hoe’t iksels as jonge de Rimen en Teltsjes besocht te lêzen en dat net koe sûnder om it hoartsje in wurdboek derby te hawwen. Sa hawwe sprektaal en skriuwtaal inoar beynfloede. Ut de sprektaal fan it folk waarden wurden en útdrukkingen opfandele dy’t dêrnei yn literatuer en yn wittenskiplike boeken fêstlein waarden dy’t jonkjes as ik en Abe dan nei beleaven wer oan harren eigen fokabulêre tafoegen.

Dat wiene dan ek wurden út alle streken fan Fryslân, dus út alle dialekten dy’t dêr sprutsen waarden. Sa ûntstie it Standertfrysk, it Frysk dat wy skriuwe of yn alle gefallen besykje om te skriuwen. Wy witte dat it bestiet en dat jout ús moed om as we yn in streek fan Fryslân komme dêr’t se mei in oare tongfal prate (de Wâlden, de Noardeasthoeke, de Súdwesthoeke, de Greidhoeke), dat wy ús dan net sa steure oan dy ferskillen dat we op it Nederlânsk oergeane. As Friezen fiele wy ús, om it sa te sizzen, allegearre troch dy standerttaal dutsen en ferbûn.

Dat ik dat sa opmerklik fyn, komt mei troch myn jeugd yn Grinslân. Dêr binne de ferskillen tusken de streekfarianten fan de taal lytser as yn Fryslân, mar nét te oerbrêgjen. In ynwenner fan De Lieke yn it Súdlik Westerkertier giet yn Delfsyl ornaris automatysk oer op it Nederlânsk. De standerttaal hat mei oare wurden de Friezen gelyk makke en is in kearn fan Fryske kultuer.

De Halbertsma’s en Waling Dykstra binne de bekendsten ûnder de Fryske skriuwers dy’t oan dat proses fan standerdisearring meiwurken, mar oeral yn 19de-iuwsk Fryslân wiene minsken – gelearden en skriuwers – oan it wurk mei it Frysk as taal en as ynstrumint om de Fryske kultuer ta libben te bringen. Sawol yn it deftige Frysk Genoatskip fan 1827 as yn it folle folksere Frysk Selskip fan 1844 as letter – nei Waling syn dea – ek yn de kristlike en katolike Fryske ferieningen. Se skreaune grammatika’s en wurdlisten en wurdboeken, se rjochten tydskriften op, dêr’t se gedichten en toanielstikken yn setten, se besochten om oersettingen yn it Frysk te meitsjen fan ferneamde bûtenlânske literatuer (Shakespeare bygelyks en de Bibel) ensfh. Folle net genôch.

Tsjibbe Gearts van der Meulen (publyk domein)

Fan alle Fryske skriuwers út de perioade nei de Halbertsma’s hat Waling Dykstra it bêst de kleau tichtsje kinnen tusken skriuwtaal en sprektaal en dêrtroch meiwurke oan de standerttaal. Hy wie in natuertalint. Tsjibbe Gearts van der Meulen, dy’t der sels ek wat fan koe, skreau yn 1850 (Waling wie doe njoggenentweintich): ‘Doe hearden wy Waling foardragen. Wat wie dat dochs hiel oars as dat wy dat diene. Wat wie dat ienfâldich en natuerlik. Sûnt wisten wy hoe’t it Frysk foardroegen wurde soe: sa’t it wie en net sa’t wy tochten dat it wêze moast’.

Jimme moatte goed betinke dat yn dy tiid (doe’t in grut diel fan de minsken ek it Nederlânsk skriuwen mar skraachoan machtich wie) de minsken muoite hiene mei it Frysk te lêzen, lit stean mei it te skriuwen. En dat útgongspunt wurdt sichtber yn hoe’t en wat Waling Dykstra skreau, nammentlik meast teksten dy’t mûnling foardroegen wurde koene: koarte ferhaaltsjes, siswizen en grapkes, rymjende gedichten dy’t maklik te ûnthâlden wiene en fansels ek toanielstikken dy’t de minsken sels spylje koene. Hy skreau literatuer yn de sprektaal om sa goed mooglik begrepen te wurden troch it folk en it tagelyk ek te belearen. Waling Dykstra hat in fracht toanielstikken skreaun (ik mien 25) en mear as in hânfol lietebondels útjûn mei dêryn troch himsels skreaune fersen.

Fansels heart ek, sa’t Abe ek al oanhelle, it grutte Winterjûnenocht-eksperimint dêrby: de kabaretachtige foarstellingen dy’t er by winterdei oeral yn Fryslân yn rikkerige boppesealtsjes en lokalen fan pleatslike kafees fersoarge en dêr’t er namme mei makke en ek jild foar syn húshâlding mei fertsjinne. Wy neame dit type literatuer nei de foarm ‘sekundêr oraal’, dat wol sizze je skriuwe sa dat je it op in natuerlike wize útsprekke en foardrage kinne. Waling Dykstra syn sjenres bewege har tusken sprektaal en de skriuwtaal yn. As je witte dat Waling Dykstra boppedat ek nochris it earste folsleine Fryske wurdboek útjûn hat, dan kinne je gerêst wol sizze dat it Frysk as standerttaal benammen mei troch syn krewearjen sa natuerlik klinkt. Hy hat op syn eigen klaaisk-beskieden manier de sprektaal standerdisearre.

Foar de skriuwers út dy tiid wie er ek it foarbyld dat se neifolgje woene. Dykstra sette de noarm en oare skriuwers droegen dêr dan út har eigen taal wer oan by. De toanielskriuwer Jan Schoelier (hy kaam fan Makkum) skreau bygelyks: ‘Sa folle my dwaenlik wier, hab ik Dykstra neifolge en soms ek wol ris ûs eigen spraakgebrûk. Treffe jimme nou hjir of dêr siswirden oan dy net mei jimme tinkwîse oerien komme, den scoe ik minlike graech wolle, dat dyjinge dy dêryn fierder foardere is as ik, my efkes as frieun by de hân naem, en bringe my op it paed.’ En in oare skriuwer murk op: ‘Dat ik gjin Dykstra bin, sil elk wol licht begripe / Dêr skeelt in bulte oan: o wie ik sa beslipe / Dan song ik better deun, begrypste? Dat is klear / Mar ik weagje it lykwols dochs, hoewol op myn menear.’ Jimme sjogge de minsken woene it Frysk skriuwen leare en Waling wie dêrfoar belangryk en mei-inoar makken se sa it Frysk as kultuertaal.

De tragyk fan Waling Dykstra hat west, dat er nei syn dea al rillegau yn it ferdomboekje kaam te stean en fierhinne ferspijd en fergetten waard, presiis om dyselde reden dat er de folkstaal sa goed omsette koe yn skriuwtaal.

Yn it lêst fan syn libben makke Waling noch mei dat it private ûnderwiis yn it Frysk hiel bot oanboaze. Dat wie krekt nei 1900. En doe’t er 80 waard, yn 1901, waard er troch alle Fryske skriuwers eare en priizge yn in moaie sammelbondel dêr’t Abe niis al wat út foarlies. Hy moat in geweldich moai âlde dei hân ha, want datselde oerkaam him ek nochris by syn 90ste jierdei. Wer in moaie sammelbondel mei dêryn bydragen fan elkenien dy’t mar Frysk skriuwer fan kwizekwânsje hjitte mocht. En ek nei syn dea wie it noch allegearre loovjen en priizgjen.

Utjefte 2005 Bornmeer

Noch gjin jier nei syn dea yn 1914 oppenearre him út de rûnten fan de jongerein dy’t harsels troch kursussen en op oare manieren it Frysk skriuwen machtich makke hiene in jongfeint fan noch gjin achttjin jier dy’t it neilibjen fan Waling Dykstra foargoed yn in oar ljocht sette soe, of better dy’t it it leafst yn it tsjuster sette woe: Douwe Kalma. Dy stie in hiel oar type literatuer foar. Niks gjin folkstaal! Hegere kultuer moast it wêze. Gjin flauwe, belearende ferhaaltsjes en kluchtige toanielstikken mear, mar lyryk oer it djipste sielelibben fan it ‘ik’ en tragyske toanielstikken. Grutte literatuer moast it wêze. Kalma helle syn sukses krekt troch him sa skerp tsjin Waling Dykstra en de – sa’t er har leechlizzend neamde – folksskriuwers ôf te setten. Hy polarisearre op in wize dy’t yn de Fryske literatuer oant dan ta net foarfallen wie. Der barnde in echte kultuerstriid los tusken minsken dy’t Frysk in folkstaal fûnen (bygelyks Jan Jelles Hof, mar ek de ferneamde histoarikus Johan Huizinga) en de minsken dy’t der in ferheven kultuertaal fan meitsje woene (Kalma en sawat alles wat dêrnei komt). Walingom wie foargoed ferballe nei it ryk fan de populêre literatuer. Sels tink ik dat je oer dy skerpe tsjinstellingen hinne sjen moatte kinne om beide – Kalma en Dykstra – op harren eigen histoaryske wearde skatte te kinne. Sûnder Kalma gjin hegere literatuer, sûnder Dykstra gjin natuerlik taalgebrûk om krekt ek dy hegere literatuer foarm te jaan.

Ik kom oan ’e ein noch even werom op ús beppe Ytsje en op de kultuer dêr’t ik sels út kom. Dat wie in kultuer dêr’t it Frysk yn brûkt waard earder yn de trant fan Waling Dykstra as yn dy fan Kalma. Stikjes op brulloften, gedichtsjes yn de doarpskrante, aardichheid oan moaie sechjes en brike útdrukkingen, ensafh. Ik tink earlik sein, foarsafier’t ik dat meimakke haw en ek oars peile kin, dat ek de kultuer fan de Fryske kriten earder útskaait nei Waling Dykstra as nei Douwe Kalma. It plezier fan it Frysk docht derta. Dêrom is it faaks ek net tafallich dat der wol kriten neamd binne nei Waling Dykstra en neffens my net nei Douwe Kalma. It komt him en jimme mear as ta.

Monumint mei reliëf fan Waling Dykstra, makke troch Pier Pander (boarne: Wikimedia Cmmons, CC BY-SA 3.0)

Dat makket dat ik myn ferhaal dochs rûn einigje kin. Ik doch dat net sûnder ien ding noch al ek op te merken oer hoe no fierder. Nammentlik dit: foar de trochsneed njoggentjinde-iuwer en ek foar myn eigenste 20ste-iuwske beppe en al dy oare beppe Ytsjes noch wie de behyplike kennis fan it Nederlânsk of it swiere Fryske aksint in lêst. Se woene wol, mar koene net en fielden har net noflik. Se wiene dus gefoelich foar de easken fan de Fryske Beweging. Gun my myn eigen identiteit en fergun my it rjocht om mysels te wêzen, wie it boadskip.

Tsjintwurdich werkenne we miskien Friezen noch oan harren lichte aksint, mar prate de measte Friezen it Nederlânsk like goed as it Frysk. Se hawwe twa memmetalen. Dat is in foarrjocht en in pree dat allinnich mar goeds bringe kin, sa’t de wittenskip al hiel lang oantoand hat. Mar! Dy folsleine twataligens mei om my noait reden wêze om te sizzen dat wy dat Frysk dus wol ôfskaffe kinne. Likemin as ik fyn dat wy it Nederlânsk ek net kwyt wurde wolle moatte omdat it Ingelsk no ien kear de wrâldtaal is, sa tink ik ek oer it Frysk. It heart by ús en it is fan ús. Wy binne it. Sunich op wêze dus!

maart 22, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.